Floaris I fan Hollân
Appearance
(Trochferwiisd fan Floris I fan Hollân)
Floaris I (1030 – 28 juny 1061) wie fan 1049 oant 1061 greve fan Hollân.
Floaris I waard om-ende-by 1030 berne as soan fan Durk III en Othilde. Hy troude yn 1050 mei de yn 1033 berne Geertruida fan Saksen. Sy wie de dochter fan Bernhard II fan Saksen, hartoch fan it Hartochdom Saksen en Eilica fan Schwinfurt. Op de weromreis fan Saltbommel waard Floaris I by Nederhemert dea dien. Hy is te hôf brocht yn de Abdij fan Egmond.
Syn dochter Bertha fan Hollân wie troud mei Filips I fan Frankryk en syn dochter Adelheid (1045-1085) mei Boudewyn I fan Guînes.