Berta fan Hollân
Appearance
(Trochferwiisd fan Bertha fan Hollân)
Bertha fan Hollân Bertha fan Frankryk | ||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
libben | ||||||||
|
||||||||
houlik | ||||||||
|
||||||||
Keninginne fan Frankryk | ||||||||
|
Bertha fan Hollân (±1055 - 1094) wie de dochter fan greve Floaris I fan Hollân en de styfdochter fan Robrecht I fan Flaanderen, dy’t ek har fâd wie. Se wie troud mei kening Filips I fan Frankryk. Yn 1092 waard se ferstjitten en moast se it hof ferlitte. Yn 1094 is se ferstoarn yn it kastiel fan Montreuil-sur-Mer. Har soan Loadewyk VI waard kening fan Frankryk.
Houlikspolityk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Har houlik mei de Frânske kening yn 1073, hie politike redens. Har styfheit, Robrecht, hie him nei de dea fan syn broer mei geweld de greeflike titel oer Flaanderen taeigene. Yn dy striid hie de Frânske kening de wetlike troanopfolgers stipe. It houlik wie wierskynlik in ûnderdiel fan in fredesregeling tusken Robrecht I en Filips I.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portret yn Digitaal Frouljusleksikon