Floriaantsjerke (Burhafe)

Ut Wikipedy
Floriaantsjerke

St.-Florian-Kirche

bouwurk
lokaasje
lân Dútslân
regio Nedersaksen
lânkring Wittmund
plak Burhafe
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier toer: 15e iuw (?)
tsjerke: 19e iuw
boustyl Klassisisme
monumintale status Kultuermonumint
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De Floriaantsjerke (Dútsk: St.-Florian-Kirche) is in luthersk tsjerkegebou yn Burhafe, in doarp yn 'e lânkring Wittmund yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. De gemeente falt ûnder de tsjerkekring Harlingerland.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de 11e iuw bestie der in houten tsjerke op de terp fan Burhafe, dy't yn de 12e troch in gebou fan dowestien ferfongen waard. Fan dat gebou waarden de resten brûkt as fûnemint foar in yn de 13e iuw boude bakstiennen tsjerke mei trije ferwulften. Doe't dy tsjerke yn de 19e iuw drige yn te stoarten folge in nijbou fan it hjoeddeiske klassistyske sealtsjerke.

De frijsteande klokketoer mei as wynwizer de lutherske swan waard nei alle gedachten yn de 15e iuw boud.

Ynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oargel

De tsjerke wurdt mei in houten plafond oerkape. It meubilêr is foar in part ôfkomstich út de yn de 19e iuw ôfbrutsen foargonger. Yn de Floriaantsjerke stiet in mei wapens fersierd barok doopfont út 1657 en in alteropset út 1744.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De East-Fryske oargelbouwer Johann Gottfried Rohlfs boude yn 1794 syn earste oargel yn de tsjerke fan Burhafe. It wie in ynstrumint mei tsien registers ferdield oer ien manuaal en oanhongen pedaal. Yn de jierren 1904-1905 waard it ynstrumint troch Johann Martin Schmid feroare. Fan it âlde Rohlfs-oargel binne doe in pear registers oernommen. Fan 2008 oant 2009 folge in grutte restauraasje. By dy restauraasje is it oargel wer nei de oarspronklike steat fan 1794 werom brocht. It pedaalregister Subbass fan 1905 fan Harm Dieder Kirschner bleau by de rekonstruksje fan it oargel bewarre.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.