Floaris IV fan Hollân

Ut Wikipedy
Floaris IV

Floaris IV (24 augustus 121019 july 1234) wie fan 1222 oant 1234 greve fan Greefskip Hollân en Seelân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie de soan fan Willem I en Aleid fan Gelre.

Yn 1222 folge Floaris IV syn heit op. De earste pear moanne, oant hy op syn tolfde jier folwoeksen waard, stie hy ûnder fâdy fan greve Boudewyn fan Bentheim. Floaris IV troude om 1224 hinne yn Antwerpen mei Machteld fan Brabân. Machteld wie op it momint fan de ferloving 14 jier âld en koart dêrfoar al widdo.

Floaris IV wreide syn gebiet út mei it lân fan Heusden en Altena. Hy ferstoar by in toernoai yn Corbie yn Frankryk op 19 july 1234. Hy is te hôf brocht yn de abdij fan Rynsburch.