Nanningabrêge

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flippobrêge)
Nanningabrêge
Nanningabrug
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Easterwâlde
bysûnderheden
type bouwurk brêge
boujier 1996
arsjitekt Frank Immerzeel
oerbrêget Opsterlânske Kompanjonsfeart

De Nanningabrêge, yn 'e folksmûle de Flippobrêge neamd, is in brêge oer de Opsterlânske Kompanjonsfeart by it Fryske doarp Easterwâlde, yn 'e gemeente Eaststellingwerf. It is in fêste brêge mei in trochfearthichte fan 3,70 m. It bouwurk is fanwegen de rûne foarmen en de felle kleuren tige omstriden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By in ûntwerpwedstryd dy't mids jierren njoggentich troch de gemeente Eaststellingwerf útskreaun waard, kaam de brêge fan 'e Rotterdamske arsjitekt Frank Immerzeel as winner út 'e bus. Yn syn ûntwerp waarden de beide brêgehaden en de midden fan 'e brêge flankearre troch (yn totaal seis) rûne of healrûne foarmen dy't in opfallende kraalreade kleur krigen. Yn 'e folksmûle kaam de brêge sadwaande al rillegau bekend te stean as de Flippobrêge, nei de rûne plestik skiven dy't yn 'e jierren njoggentich fergees by pûden sjips sieten en by bern in wiere raazje feroarsaken.

Yn 2018, 22 jier nei de bou fan 'e brêge, waarden de "flippo's" oerskildere yn fel read mei oan 'e sydkant de kleuren fan 'e reinbôge. Dat barde nei't dêroer stimd wie yn 'e gemeenteried fan Eaststellingwerf. Ek ûntwerper Immerzeel waard by de nije foarmjouwing belutsen. Neffens de gemeente soene de nije kleuren tsjinje as sinjaal tsjin diskriminaasje op basis fan leauwe, etnisiteit of seksuële oriïntaasje. Oaren seagen der in teken fan hope yn, nei de betsjutting dy't de reinbôge yn it Alde Testamint fan 'e Bibel hat yn it ferhaal oer Noäch en de Sûndfloed. Behalven lju dy't de kleuren "moai" of "fleurich" fûnen, wiene der teminsten likefolle dy't se "ôfgryslik" of "walchlik" fûnen. Immerzeel fertelde in sjoernalist fan 'e Ljouwerter Krante dat er it yn elts gefal moai fûn dat minsken in miening oer syn brêge hiene, wat dy miening dan ek wêze mocht.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Elverink, Wieberen, Een brug die de tongen losmaakt, yn: de Ljouwerter Krante, 24 maaie 2018, s. 29.