Fleury François Richard
Fleury François Richard | ||
keunstner | ||
Fleury François Richard, in portret fan Jean-Marie Jacomin (1852) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 25 febrewaris 1777 | |
berteplak | Lyon | |
stoarn | 14 maart 1852 (75 jier) | |
stjerplak | Écully | |
wurkpaad | ||
wurksum as | skilder | |
streaming | Romantyk, Trûbadoerstyl | |
prizen | Ridder yn it Légion d' honneur |
Fleury François Richard (Lyon, 25 febrewaris 1777 – Écully, 14 maart 1852) ek wol "Fleury-Richard" neamd, wie in Frânske skilder fan de Skoalle fan Lyon. As learling fan Jacques-Louis David, wiene Fleury-Richard en syn freon Pierre Révoil foarrinners fan de Trûbadoerstyl.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As soan fan in magistraat studearre Fleury François Richard oan it collège de l'Oratoire yn Lyon en dêrnei oan de école de Dessin by Alexis Grognard. Oan dy lêste kaam er yn'e kunde mei Pierre Révoil. Yn 1796 gie er oan it wurk yn it Paryske atelier fan Jacques-Louis David. Syn earste skilderijen hiene in grut sukses en hy joech him ûnder de Paryske yntelligintsia, dy't tige wiis mei de Trûbadoerstyl wiene. Hy waard de favorite skilder fan Joséphine de Beauharnais, dy't in soad fan syn skilderijen kocht, sadat de Europeeske bekendheid dy't syn earste wurken krigen hiene, erkend waard troch Madame de Staël.
Yn 1808 rjochte er syn eigen atelier yn it Palais Saint-Pierre yn Lyon yn, dat er fan de stêd krigen hie fanwege de foardielen dy't syn reputaasje opsmiten hie. Yn 1809 waard er ynwijd yn de Skotske Rite fan de frijmitselderslôzje fan Isis en yn 1814 troude er mei de dochter fan in bankier, Blanche Menut. Yn 1815 waard er beneamd ta ridder yn it Légion d'honneur.
Op syk nei ynspiraasje besocht er Genève, Milaan, Turyn en de Dauphiné. Fan 1818 oant 1823 wie er professor oan de École des beaux-arts de Lyon. Yn 1851 fêstige er him yn Écully en wijde him oan it skriuwen. Hy redigearre syn Souvenirs, libbens fan skilders en in wurk oer de skilderkeunst yn de stêden fan de twadde oarder yn Frankryk, Quelques réflexions sur l'enseignement de la peinture dans les villes de second ordre.
Krityk en neilittenskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it begjin fan de 20e iuw waard besocht om him yn ferbân te bringen mei de skoalle fan Lyon, nettsjinsteande syn Paryske oplieding, syn nasjonale karriêre en syn skilderkeunst, dêr't it histoaryske sjenre net spesifyk fan wie foar Lyon, mar dêr't de útfiering soms fan beskreaun waard as sekuer en drûch.[1]. Yn de krityske geskriften fan Fleury-Richard lêze wy in refleksje dy't in foarboade is fan syn iere ferbûnens mei de symbolistyske beweging:
Skilderkeunst is gjin imitaasje fan de werklikheid. It is in symboal, in figurative taal dy’t it byld fan de tins werjout; en de tins dy’t omheech giet nei de boarne fan ûneinige skientme fynt dêryn dy archetypyske foarmen dêr’t Plato fan op wiisde en dêr’t de skepen wêzens allinne kopyen binne.[2].
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
In jonge Fleury–Richard (selsportret)
-
La déférence de Saint Louis pour sa mère (1808)
-
Le Tasse en prison visité par Montaigne (1822)
-
Comminges and Adelaide in the Trappist Monastery (1844)
-
Couvent des Cordeliers de l'Observance, Lyon
-
Scène dans une chapelle ruinée (1824), Lyon
-
Jeune fille à la fontaine (1825)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|