Springe nei ynhâld

Wjuk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fleugel)
De wjuk fan in hûsmosk.
Dizze side giet oer it lichemsdiel wjuk. Foar oare betsjuttings, sjoch: wjuk (betsjuttingsside).

In wjuk, wjok, flerk of (mei in hollanistyske ynterferinsje) fleugel is in lichemsdiel dat fûgels, ynsekten, flearmûzen, de útstoarne pterosauriërs en mytyske wêzens lykas ingels en draken brûke of brûkten om mei te fleanen. Der bestiet in oansjenlik ferskil tusken in fûgelwjuk, in flearmûswjuk en in ynsektewjuk. By fûgels en flearmûzen is de wjuk in lid dat oarspronklik ûntstien is út in foarpoat, en dat oanstjoerd wurdt troch sterk ûntwikkele boarstspieren. By fûgels makket de wjuk fleanen mooglik troch de begroeiïng mei stive fearren, dy't slachpinnen neamd wurde. By flearmûzen bestiet de wjuk út in hûdflap tusken de fingers en de romp. By ynsekten besteane de wjukken út tinne fluezen mei dêrtrochhinne rinnend ieren dy't ta fersteviging folpompt wurde mei bloed.

Domestisearre fûgels, lykas einen of guozzen, wurde wol koartwjukke om fuortfleanen ûnmooglik te meitsjen. Dêrby wurdt dan in stik fan 'e slachpinnen ôfknipt sadat de wjuk minder draachfermogen hat. De fûgel kin dan noch wol fleane, mar moat dêr folle mear muoite foar dwaan. Lykwols kinne koarwjukke fûgels yn guon gefallen noch flinke ôfstannen ôflizze. Guon fûgels hawwe wol wjukken, mar kinne fan natuere net fleane, de saneamde flechtleaze fûgels. Guon dêrfan, lykas strúsfûgels, binne te grut om te fleanen, wylst oaren it fljochfermogen troch evolúsje kwytrekke binne, bgl. om't se om in eilân libben dêr't se gjin natuerlike fijannen hiene, lykas de dodo, of om't se har oanleard hawwe om ûnder wetter te 'fleanen', lykas pinguins.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.