Flechtstripe
In flechtstripe is in stripe asfalt fan likernôch trije meter breed njonken in dyk lâns, dy't ornearre is foar reauwen yn gefal fan maleur of need. By files en oare drokte, wurdt in flechtstripe iepene foar helptsjinsten, en kin bytiden ek brûkt wurde foar gewoan ferkear.
Op diken dêr't it net mooglik is in flechtstripe te bouwen, wurde hjir en dêr flechthavens oanlein.
Doel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Flechtstripen hawwe ferskate doelen, lykas:
- Foar helptsjinsten, sa as sikeweinen, brânwachtweinen, en plysje-auto's, kinne de flechtstripe brûke om by files om it ferkear hinne te riden.
- Yn gefal fan need of maleur, kin in bestjoerder syn/har reau op de flechtstripe parkearje, om út it paad fan trochgeand ferkear en op in feiliger plak te kommen.
- Yn guon gefallen kin in flechtstripe iepensteld wurde om fêststeand ferkear foarút te krijen.
- Op guon plakken meie bussen oer de flechtstripe ride.
- Op diken mei bochten, binne reingoaten oan de flechtstripe boud, sa't it wetter fan de rydbaan ôfrint en de kâns op akwaplaning ôfnimt.
- Flechtstripen jouwe ekstra fersteviging fan de rydbaan.
Algemiene skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De flechtstripe is ornaris justjes smeller, sa'n trije meter breed, as in rydstripe. Yn de measte gefallen is in flechtstripe fan beton of asfalt. Dêr wurdt dan sprutsen fan in "hurde flechtstripe". Yn guon gefallen, benammen op âldere plattelânsdiken, besteane flechtstripen út grind, ynstee fan beton of asfalt, en dêr wurdt dan sprutsen fan in "sêfte flechtstripe".
Yn Nederlân hawwe alle autogongwegen in flechtstripe, mar net alle autowegen.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side. |