Springe nei ynhâld

Flagge fan It Oranjewâld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flagge fan it Oranjewâld)
It foarstel foar de flagge fan It Oranjewâld. Dizze flagge is noch net registrearre.

De flagge fan It Oranjewâld is in konsept-doarpsflagge foar It Oranjewâld yn de gemeente It Hearrenfean.

De flagge waard yn 2012 al yntsjinne as ûntwerp foar it doarp Oranjewoud, dêr't Brongerga ta heart. Dizze flagge waard lykwols ôfwiisd op in gearkomste fan Pleatslik Belang.[1] De flagge bestiet út in giel fjild mei in blauwe stripe ûnderoan de flagge. De kleur giel symbolisearret de sângrûn. De blauwe leane stelt de Oranjegrift foar, dy't dwers troch it doarpsgebiet rint en útkomt yn de Tsjonger. De griene tûke mei blêden en trije oranje appels symbolisearje de namme Oranjewâld. Omdat de griene tûke oer de blauwe baan leit, is it diel op dy baan wat giel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryske Rie foar Heraldyk (2018). Wapen en flagge fan de Stichting ‘Brongergea op de Kaert’ foar de buorskip Brongergea yn de gemeente It Hearrenfean. Genealogysk Jierboek 2018, siden 272-273.