Flagge fan Warns
Appearance
De flagge fan Warns is de flagge fan it doarp Warns, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2004 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Fjouwer like hege horizontale banen swart-wyt-swart-wyt; in reade broeking mei in lingte fan 2/9 flaggelingte en belein mei in út de flechtkant fan de broeking kommend giel heal anker.
De kleuren komme út it wapen fan Warns.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Anker: symboal foar de skipfeart. It anker is troch de helte dien om oan te jaan dat fan de grutskalige skipfeart, it rekreaasjefarren noch oer is.
- Kleurstelling: keazen om oan te sluten by it wapen fan Starum en it wapen fan Nijefurd. De swarte en wite banen wiene bekend fan in wapen dat iuwen bestean hat.