Flagge fan Sibrandahûs
Appearance
De flagge fan Sibrandahûs is de flagge fan it doarp Sibrandahûs, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. De flagge waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Giel mei in reade broekingstrijehoeke, nei de broekside verlinge mei 1/3 flaggelingte mei de top op 2/3 flaggelingte; de reade broekingstrijehoeke belein mei in wyt swurd mei in giel hânfêst, mei de punt omheech, en boppe de punt ien en oan beide kanten fiif giele flammen, útgeande fan ist swurd.
De kleuren komme út it wapen fan Sibrandahûs.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade trijehoeke: stiet foar in dak fan in hûs, ferwiist nei it part "hûs" yn de plaknamme.
- Swurd en flammen: ferwiist nei de namme Sybrand, dit betsjut "flammend swurd fan oerwinning".