Flagge fan Eastrum
Appearance
De flagge fan Eastrum is de flagge fan it doarp Eastrum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Giel, in griene flechtskeanbaan mei knobbels, yn de broektop in read lizzend blok.
De kleuren komme út it wapen fan Eastrum.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Mellema dat by Eastrum de Mellemastate bewenne.
- Griene skeanbalke: ferwiist nei de beamstronk út it wapen fan de famylje Mellema.
- Bakstien: stiet symboal foar de eardere stienfabryk fan Eastrum.