Fjirtichmêdsleat

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Fjirtichmêdsleat is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint west fan Earnewâld fan de Ds. Veenwei nei de Lange Sleat.

In mêd is in lânmaat, safolle as ien man op ien dei eartiids mei de seine meane koe. Dit komt del op sawat in heale bunder.

De namme Fjirtichmêdsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Veertigmadsloot.