Springe nei ynhâld

Fitalis fan Milaan

Ut Wikipedy
Fitalis fan Milaan
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertedatum ?
berteplak Milaan
stjerdatum ± 60
stjerplak Ravenna

Fitalis fan Milaan (Italjaansk: San Vitale, († ± 60? yn Ravenna) wie in ier-kristlike martler.

17e-iuwske gravuere fan it marlerskip fan Sint-Fitalis
Jan Luyken

Oer it libben fan Fitalis bestiet hast gjin wisse ynformaasje. Hy soe mei syn hûshâlding troch Gaius fan Milaan doopt wêze en yn 'e tiid fan Nero's kristenferfolging de arts Ursicinus fan Ravenna by syn martlerskip treast bean ha en syn lichem begroeven hawwe. As straf dêrfoar waard der op befel fan 'e rjochter Paulinus op 'e pynbank lein en foltere. Dêrnei waard er libben yn in fan stiennen oerdutsen kûle bedobbe of ferbaarnd. Syn frou Valeris ferstoar yn 'e selde tiid de martlersdea yn Milaan.

Der bestiet ynformaasje oer de hillige Fitalis dy't mei de dea fan him yn 'e earste iuw net kloppet. Sa soe syn martlerskip plakfûn ha yn 'e tiid fan keizer Marcus Aurelius. Ek soe Fitalis de heit west ha fan 'e hilligen Gervasius en Protasius, dy't yn 'e 3e iuw libben. Nei alle gedachten binne der persoanen mei deselde nammen ferwiksele.

Fitalis is de patroanhillige fan de Italjaanske stêd Ravenna. Fan betsjutting is de hillige fral fanwegen de nei him ferneamde basilyk San Vitale, dy't ûnderdiel is fan it UNESCO-wrâlderfgoed. De tsjerke waard yn 547 boppe it plak fan syn martlerskip boud.

Fitalis wurdt op 28 april tegearre mei syn frou Valeria betocht. Yn Ravenna is de datum 4 novimber.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Vitalis (Ravenna)