Fiskbuorster Feart
Appearance
De Fiskbuorster Feart is in feart yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De feart leit yn de himrik fan Ternaard.
De feart bestiet hjoed-de-dei út trije dielen. It earste diel fan de feart rint fan de Opslach yn it doarp Ternaard lâns de Fiskbuorsterwei nei de Holwerterdyk. It twadde diel fan de feart begjint oan de oare kant fan de Holwerterdyk en rint dan lâns de Holwerterdyk oant de daam fan De Streng. It tredde diel fan de feart rint fanôf de oare kant fan de daam fan De Streng, lâns de Holwerterdyk nei it noardwesten ta. De feart einiget dan eastlik fan it buorskip Fiskbuorren. Earder ron de feart yn ien stik troch, mar troch de ferskate nije wegen (Holwerterdyk en De Streng) binne der dammen yn kaam.