Springe nei ynhâld

First Church in Albany

Ut Wikipedy
Earste Tsjerke yn Albany

First Church in Albany

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat New York
plak Albany
koördinaten 42° 39' N 73° 45' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Herfoarme Tsjerke yn Amearika
Arsjitektuer
boujier 1797-1799
Webside
firstchurchinalbany
Kaart
First Church in Albany (New York)
First Church in Albany

De First Church in Albany (ek: First Reformed Church of North Dutch Church) is in tsjerke yn Albany yn New York. De tsjerke is oansletten by de Reformed Church in America en waard ûntwurpen troch Philip Hooker. It gebou datearret fan 'e jierren 1797-1799 en waard yn 1974 tafoege oan it National Register of Historic Places.

De skiednis fan 'e tsjerke giet werom op 1642 en wie ornearre foar de Nederlânske bewenners fan Fort Oranje, it oanbuorjende doarp Beverwyk en foar de doedestiidske koloanje Rensselaerswyk. It hjoeddeiske gebou is it fjirde gebou fan 'e gemeente en de âldste tsjerke fan Albany. De preekstoel waard yn 1656 út Nederlân ymportearre en is de âldste preekstoel fan 'e Feriene Steaten.

Yn 'e tiid doe't Theodore Roosevelt gûverneur wie, tsjerke hy yn 'e First Church in Albany. Yn it ramt fan 'e fiering fan it 300-jierrich jubileum fan 'e tsjerke brocht keninginne Wilhelmina in besite oan 'e tsjerke.

Nei't Henry Hudson yn 1609 mei syn skip de Haelve Maen de rivier ferkende dy't letter nei him ferneamd waard, begûn it Nederlânsk regear, syn wurkjouwer, de omkriten te kolonialisearjen as Nij-Nederlân. It haadplak, Fort Oranje, dat sa'n bytsje oerienkomt mei de tsjintwurdige binnenstêd fan Albany, waard sa fier mooglik it lân yn stifte om de Nederlânske claim op it gebiet safolle mooglik krêft by te setten.

Formeel waard de gemeente stifte yn 1642. Op 17 augustus waard der in tsjerkeried foarme en in earste tsjerketsjinst holden. Se tsjerkten ynearsten yn ferskate gelegenheden oant in pakhûs ferboud waard om dêr te tsjerkjen.

Yn 1656 waard de saneamde Blockhouse Church yn gebrûk nommen op it lân fan Jan Coster van Auken. De Blockhouse Church tsjinne as tsjerke mar ek as fort. Under stiene de preekstoel en de banken foar froulju, wylst manlju op de galerijen dêr't ek kanonnen stiene de wacht holden. De wynwizer fan dy tsjerke stie jierrenlang op it dak fan de tsjerke en is hjoeddedei ferfongen troch in kopy, wylst de orizjinele wynwizer bewarre wurdt troch de tsjerke.

De yn 1715 boude en yn 1806 ôfbrutsen herfoarme tsjerke.

Nei de Earste Ingelk-Nederlânske Kriich naam Karel II fan Grut-Brittanje Nij-Nederlân oer en de delsetting om it fort hinne waard omdoopt ta Albany. De tsjerke bleau yn gebrûk, ek nei't de Nederlanners yn de Tredde Ingelsk-Nederlânske Kriich wer efkes foar master opsloegen yn de koloanje.

In pear jier letter sette de tsjerke útein mei it bringen fan it evangeelje oan de Mohawks, de oarspronklike bewenners fan it gebiet. De sinding ûnder de yndianen duorre hast fyftich jier en der waarden 300 yndianen doopt. De houten tsjerke waard yn 1715 ferfongen troch in stiennen bouwurk en fiif jier letter waard de tsjerke ûnderdiel fan de Herfoarme Protestantske Nederlânske Tsjerke fan Albany.

Brânskildere raam.

Yn de tiid fan de oansteande Amearikaanske Revolúsje stie de tsjerke oan de kant fan de opstân tsjin de Britske oerhearsking. De doarren fan it tsjerkegebou waarden iepene om te tsjinjen as hospitaal foar de ferwûne soldaten fan it Kontinintale Leger by de Slach by Saratoga. George Washington brocht yn 1782 in besite oan de konsistoarje fan de tsjerke om syn persoanlike wurdearring foar de stipe oer te bringen. Likernôch yn deselde tiid skeakele de tsjerke ek nei in fûle striid oer op Ingelsktalige tsjinsten. Yn acht jier tiid waard it Nederlânsk hielendal as tsjerketaal ferfongen.

Yn 1789 setten de tariedings útein foar de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke. It ûntwerp fan 'e tsjerke mei de twa tuorren kaam fan 'e arsjitekte Philip Hooker, in soan fan in lokale timmerman. By de foltôging hie de tsjerke noch in ienfâldige gevel en de ramen wiene fan gewoan glês yn lead. De âlde tsjerke waard yn 1715 ferkocht oan de stêd en yn 1806 ôfbrutsen. De âlde preekstoel ferhûze lykwols mei nei de nijbou. Fiif jier letter waard in twadde herfoarme tsjerke oan de Beaver Street boud yn 'e súdlike útwreiding fan 'e tsjerke, dy't bekend wurde soe ûnder de namme South Dutch Church.

Yn 'e 19e iuw waard de tsjerke nochris in pear kear útwreide. Healwei de 19e iuw waard de gevel feroare yn neoromaanske styl. Ek krige de tsjerke brânskildere ramen en in grutter oargel.

Yn 1942 waard in grutte renovaasje fan it ynterieur ôfsletten. Dat jier brocht yn it ramt fan it 300-jierrich jubileum keninginne Wilhelmina in besite oan 'e tsjerke. Nei de Twadde Wrâldkriich krige de tsjerke in nij fjouwermanualich oargel.

Sûnt de bou fan 'e tsjerke is der yn 'e rin fan 'e tiid net in soad mear feroare. Oan wjerskanten fan 'e preekstoel út 1656 steane de banken foar de âlderlingen en diakenen. Oan beide kanten fan 'e tsjerkeseal binne der galerijen ynbrocht. Der is plak foar likernôch 800 minsken yn 'e tsjerke. De bank dêr't presidint Roosevelt eartiids siet doe't er gûverneur fan New York wie, wurdt mei in buordsje oanjûn. De orizjinele wjerhoanne út 1656 bleau bewarre, lykas ek de 17e iuwske bekers foar it jûnsmiel. De tsjerke hat Tiffany-ramen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:First Church in Albany (Reformed)