Filmfestival fan de Swarte Nachten

Ut Wikipedy
Filmfestival fan
de Swarte Nachten
plak en tiid
lân Flag of Estonia.svg Estlân
provinsje Flag of et-Harju maakond.svg Harjumaa
plak Flag of Tallinn.svg Tallinn
tiid fan it jier ein nov./begjin des.
bysûnderheden
oare namme Filmfestival fan Tallinn
ôfkoarting PÖFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1997 – no
offisjele webside
poff.ee

It Filmfestival fan de Swarte Nachten (Estysk: Pimedate Ööde Filmifestival), ôfkoarte ta PÖFF en ek bekend as it Filmfestival fan Tallinn of it Ynternasjonaal Filmfestival fan Tallinn, is in filmfestival dat elts jier ein novimber en/of begjin desimber holden wurdt yn 'e Estyske haadstêd Tallinn. It evenemint bestiet sûnt 1997. Yn it represintative jier 2018 loek it mear as 80.000 belangstellenden dy't mear as 250 lange films en likefolle koarte films en tekenfilms út likernôch 80 ûnderskate lannen seagen.

Akkreditearring[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Filmfestival fan 'e Swarte Nachten is it iennichste filmfestival yn Skandinaavje en it Baltikum mei in akkreditaasje fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF) foar it hâlden fan in kompetysje tusken de fertoande films.

Besibbe eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken it haadprogramma fan it festival, dat út lange live action-films bestiet, fine twa parallelle subfestivals plak: Just Film, dat wijd is oan bernefilms, en PÖFF Shorts, dat him taleit op koarte films en tekenfilms. Deselde organisaasje dy't ek ferantwurdlik is foar it Filmfestival fan 'e Swarte Nachten, organisearret dêropta ek noch twa oare, lytsere filmfestivals yn Estlân: it Horror- en Fantasyfilmfestival fan Haapsalu (yn april) en it Leafdesfilmfestival fan Tartu (yn augustus).

Yn 'e marzjes fan it Filmfestival fan 'e Swarte Nachten fynt fierders it barren Industry@Tallinn plak, in fakbeurs fan 'e Jeropeeske filmyndustry dy't as platfoarm fungearret om ynternasjonale gearwurking op it mêd fan 'e sinematografy oan te fiterjen. Op Industry@Tallinn komme elts jier mear as 700 regisseurs en filmprodusinten ôf.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it Filmfestival fan 'e Swarte Nachten wurde de folgjende prizen útrikt:

Offisjele Seleksje
  • Grutte Priis foar Bêste Film
  • Sjuerypriis foar Bêste Regisseur
  • Sjuerypriis foar Bêste Akteur
  • Sjuerypriis foar Bêste Aktrise
  • Sjuerypriis foar Bêste Senario
  • Sjuerypriis foar Bêste Kameraregisseur
  • Sjuerypriis foar Bêste Filmmuzyk
  • Priis fan 'e Sjuery fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Filmkritisy (FIPRESCI)
  • Religyferbiningspriis (útrikt troch de lieders fan 'e grutste religyen yn Estlân)
Spylfilmkompetysje
  • Priis foar Bêste Film
  • Spesjale Sjuerypriis (2 ×)
Baltyske Filmkompetysje
  • Priis foar Bêste Baltyske Film
Oare prizen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.