Springe nei ynhâld

Ferhaal yn in ferhaal

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Film yn in film)

In ferhaal yn in ferhaal, ek wol oantsjut as in ynbêde ferhaalline, is in narratologyske technyk en in literêre foarm, wêrby't binnenyn in ferhaal (roman, novelle, koart ferhaal, gedicht) in oar, twadde ferhaal foarkomt. Faak wurdt dat 'binnenferhaal' ferteld troch in personaazje út it 'bûtenferhaal'. Soms komt der ek yn it binnenferhaal wer in personaazje foar dat in ferhaal fertelt, sadat der ferskate lagen fan ferhalen yn ferhalen ûntsteane. Dan sprekt men ek wol fan nestele ferhalen. Behalven yn literêre wurken komme ferhalen yn ferhalen ek foar yn oare media, lykas films, tillefyzjesearjes, lieten, fideospultsjes, ensfh. As der bgl. yn in film in oare film sjen litten wurdt, sprekt men fan in film yn in film. In ramtferhaal, wêrby't in ferhaal de omlisting foarmet foar ien of mear oare ferhalen, is in faak foarkommende, wat ôfwikende fariant fan in ferhaal yn in ferhaal. It is ôfwikend om't de ramtfertelling, oars as in 'gewoan' bûtenferhaal, folslein tsjinstber is oan it binnenferhaal, dat it wichtichst is. Ornaris is dat by in ferhaal yn in ferhaal krektoarsom.

De binnenferhalen wurde by in ferhaal yn in ferhaal faak ienfâldichwei ferteld by wize fan fermaak, of, wat ek faak foarkomt, as in foarbyld foar de personaazjes út it bûtenferhaal. Dêrby hat it binnenferhaal gauris in symboalyske en/of psychologyske betsjutting foar ien of mear personaazjes út it bûtenferhaal. Ek bestiet der faak in parallel tusken de beide ferhalen, sadat it binnenferhaal brûkt wurde kin om in ferburgen wierheid of in geheim oan it ljocht te bringen oer it bûtenferhaal. It kin ek wêze dat it binnenferhaal troch de skriuwer brûkt wurdt as satire, net inkeld op it bûtenferhaal, mar ek op 'e echte wrâld. As in ferhaal ferteld wurdt as in ferhaal yn it ferhaal ynstee fan as ûnderdiel fan 'e plot, jout dat de skriuwer de mooglikheid en boartsje om mei hoe't de lêzer de personaazjes út it bûtenferhaal sjocht, mei't de motiven en de betrouberens fan 'e ferteller automatysk yn 'e kiif komme te stean.

Ferhalen yn ferhalen kinne de eftergrûn fan ien of mear personaazjes of foarfallen út it bûtenferhaal beljochtsje, myten of leginden op 't aljemint bringe dy't fan ynfloed binne op 'e plot fan it bûtenferhaal, of folslein los lykje te stean fan 'e plot fan it bûtenferhaal (hoewol't it ek foarkomt dat pas folle letter bliken docht dat dat net sa is). It kin wêze dat it binnenferhaal ferbûn is mei de aksje yn 'e plot fan it bûtenferhaal, en dêrom in yntegraal ûnderdiel fan it bûtenferhaal útmakket. It kin ek alhiel los stean fan it bûtenferhaal, sadat it der los fan lêzen wurde kin, hoewol't yn dat gefal in protte subtile ferbannen mei it bûtenferhaal ferlern geane. Soms foarmet it binnenferhaal in fentilearringskanaal foar ideeën dy't net yn it bûtenferhaal pasten, mar dy't de skriuwer dochs net hielendal weilitte woe. Yn sa'n gefal soe men it ferhaal yn in ferhaal ferlykje kinne mei de by de montaazje fuortknipte sênes út in film, dy't gauris as bonusmateriaal oan 'e dvd- of blu-ray-útjefte tafoege wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.