Springe nei ynhâld

Filippustsjerke (Kopenhagen)

Ut Wikipedy
Filippustsjerke
Lokaasje
lânflagge fan Denemark Denemark
adresKastrupvej 55, 2300 København
koördinaten55° 39'N 12° 37'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipDeenske Folkstsjerke
bisdomKopenhagen
Arsjitektuer
arsjitektRasmus Vilhelm Rasmussen Rue
boujier1924
Webside
www.filipskirke.dk
Kaart
Filippustsjerke (Kopenhagen)
Filippustsjerke

De Fillipustsjerke (Deensk: Filips Kirke) is in lutherske tsjerke yn 'e Deenske haadstêd Kopenhagen.

De âlde en de nije Filippustsjerke op in ôfbyld út 1924

Mei de útwreiding fan de stêd waard op 19 oktober 1907 de nije Fillipusparochy stifte. De earste Fillipustsjerke wie in houten bouwurk, mar tusken 1924 en 1928 makke it houten gebou plak foar de stiennen tsjerke sa't dy der hjoeddedei noch stiet.

It gebou is in ûntwerp fan de Deenske arsjitekt Rasmus Rue (* 1863- † 1944), dy't it gebou yn de styl fan in Deenske doarpstsjerke bouwe liet. It mienskipshûs waard in 1928 oan de tsjerke fêstboud.

Ynterieur

Boppe de yngong fan de tsjerke is in reliëf ynlein mei in foarstelling fan Jezus mei Natanael en Fillipus. Dêrûnder stean de wurden út it evangeelje fan Jehannes 1:47: Filip siger: Kom og se! (oersetting: Fillipus sei: Kom en sjoch!).

Yn 'e tsjerke is plak foar likernôch 450 leauwigen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fillipustsjerke fan Wikimedia Commons.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: