Fiktoariawetterfallen
De Fiktoariawetterfallen (Ingelsk: Victoria Falls) binne de breedste wetterfallen fan Afrika, se foarmje in wettergerdyn fan 1708 meter breed en 100 meter heech en hawwe in maksimale falhichte fan 128 meter.
Se lizze yn de rivier de Sambezy, op de grins tusken Sambia en Simbabwe.
De earste blanke dy't de wetterfallen sjoen hat en byuorkundich makke hat is de Skotske misjonaris en ûntdekkingsreizger David Livingstone op 17 novimber 1855. "Gjin inkel oar útsjoch yn Ingelân kin de skientme hjirfan oertreffe" en "sokke leaflike bylden moatte de ingelen mei bewûndering besjoen hawwe by harren flechten" skreau hy letter.
Nammejouwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dr. Livingstone wykte by de nammejouwing fan dizze wetterfallen, foar de earste en ienige kear yn synlibben, ôf fan syn gewoante om de pleatslike namme te behâlden. Hy neamde dizze wetterfallen nei de destiidske keninginne fan it Feriene Keninkryk, keninginne Fiktoaria.[1]
De lokale befolking neamt dizze wetterfallen tsjintwurdich de Mosi-oa-Tunya (Letterlik oersetten: de reek dy't dondert).[2]
Bûten de ynlânske Afrikanen wienen grif de Arabieren de earste bûtensteanders dy't dizze wetterfallen besochten. Neffens Livingstone, de earste Europeaan dy't dizze wetterfalllen seach, wiene de wetterfallen by de lokale befolking bekend as Mo ku sa tunya musi, "dêr wêr't allegeduerigen reek opstiicht".
Livingstone bewearde dat de oarspronklike âlde ynlânske neamme foar de wetterfallen shungwe of shongwhe wêze soe (dit betsjut yn de Tonga-taal De dampende reek - yn it Ingelsk The smoke fumes). Dat it is mooglik dat de namme Musi-oa-Tunya troch Arabyske ûntdekkers jûn waard en oarspronklik musa-i-nunya wie, wat yn it Arabysk de ein fan de wrâld betsjut.
Yn 1989 waarden de wetterfallen troch UNESCO ta Wrâlderfgoed ferklearre.
Toerisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fiktoariawetterfallen en de ûnderstroomske rin fan de Zambezi hawwe grutte oanlûkingskrêft op toeristen, û.o. om te raften en te kanofarren. Hjirfan profitearret it yn Sambia lizzende Livingstone. Eartiids wie Victoria Falls Town yn Simbabwe it middelpunt fan it toerisme om de Fiktoariawatervallen, mar troch û.o. it folle djoerder wurden fan it fisum en it regearingsbelied yn Simbabwe en is de oanlûkingskrêft fan dizze stêd hurd werom rûn.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Victoria Falls fan Wikimedia Commons. |