Fieke Gosselaar
Appearance
Fieke Gosselaar (Finsterwolde, 1982) is in skriuwster en dichteres yn it Nederlânsk en it Grinslânsk.
Gosseler is hikke en tein yn Finsterwolde. Se studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins. Se wurke as strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân oant ein desimber 2023. [1] [2] Sûnt febrewaris 2023 is Fieke Gosselaar ek streektaalkonsulint by de provinsje Grinslân. Sy is troud mei de dichter Kasper Peters.
Gosseler skriuwt proaza yn it Nederlânsk en gedichten yn it Grinslânsk. Har gedichten yn it Grinslânsk kinne fûn wurde yn de blomlêzings fan Dichters in de Prinsentuin en Dag van de Grunneger Toal, en de bondel Verrassend Nedersaksisch. Har wurk is ek faker publisearre yn de Grinzer literêre tydskriften Krödde en Oader.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nova Zembla (2013, gedichten) [3]
- Tussen de anderen (2014, proazabondel) [4]
- Spinnetje (2016, jeugdboek) [5]
- Het land houdt van stilte (2018, roman) [6]
- t Leven as olifantpuzzel (2018, samle kollums) [7]
- Als je ze kent (2022, roman) [8]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |