Ferry Doedens
Ferry Doedens | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ferry Doedens | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 17 juny 1990 | |
berteplak | Drachten (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
jierren aktyf | 2007 – no | |
prizen | Gay Media Award 2011 | |
offisjele webside | ||
www.ferry-doedens.com |
Ferry Doedens (Drachten, 17 juny 1990) is in Frysk akteur, sjonger, presintator en artyst, dy't benammen bekend wurden is troch syn rol as Lucas Sanders yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Dêrnjonken hat er ek meispile yn 'e musicals Wicked en Grease, en wied er te sjen yn ferskate realitytillefyzjeprogramma's.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doedens waard yn 1990 berne yn Drachten, dêr't syn heit in boartersguodwinkel hie. Hy wie de jongste fan trije bern, en hat in âldere broer en in âldere suster. Nei de basisskoalle gie er yn Drachten nei it fuortset middelber beropsûnderwiis. Syn earste aktearûnderfining died er op doe't er fyftjin jier wie, mei in figuranterol yn 'e musical Pietje Bell. Dêrnjonken hied er de haadrol yn ferskate pleatslike musicalproduksjes dy't opfierd waarden yn teäter De Lawei. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, learde Doedens fierder mei de MBO-oplieding keunst, teäter en media oan 'e Noarderpoarte yn Grins.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doedens wist in beskate bekendheid te winnen mei syn optredens as libben stânbyld, bgl. op 'e Peije Dei yn syn berteplak Drachten. Letter wûn er dêr yn 2006 yn Arnhim de Nederlânske kampioenskippen mei. Yn dyselde snuorje begûn er him ek te ûntwikkeljen as sjonger, en yn 2007 died er mei oan 'e talintejacht Idols, dêr't er by de lêste 18 kandidaten einige. Op grûn fan dy prestaasje waard Doedens neitiid troch akteur en presintator Marco Verhagen frege foar de nije boyband IDSF, dy't fierders bestie út Ivar Oosterloo, Davy Oonincx en Sonny Sinay. De band naam de single Sinner op, dy't lykwols gjin súkses waard, nettsjinsteande it feit dat de fideoklip op 'e muzykstjoerder TMF te sjen wie.
Yn it foarjier fan 2009 waard Doedens cast yn 'e rol fan it homoseksuële personaazje Lucas Sanders, yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden, dy't op deistige basis útstjoerd wurdt troch RTL4. By syn audysje joech Doedens oan dat er sels net homo is. Lykwols hat er mei syn wurk in wichtige bydrage levere oan 'e homo-emansipaasje yn Nederlân. De relaasje tusken syn personaazje Lucas en it personaazje Edwin, spile troch Raynor Arkenbout, wie ûnder de ferraning Ludwin ek populêr by bûtenlânske fans. De út 'e relaasje resultearjende bêdsêne feroarsake in lytse hype op 'e sosjale media-website Twitter. Mei foar dy sêne waard oan Doedens yn 2011 de troch de homowebsite Gay.nl ynstelde Gay Media Award takend. Yn july 2015 waard lykwols bekendmakke dat Doedens troch Goede Tijden, Slechte Tijden ûntslein wie, fanwegen "it hieltyd op 'e nij net neikommen fan produksjonele ôfspraken", dêr't de opnames ferskate kearen neidielich troch beynfloede wiene.[1] Yn in ferklearring fan Doedens sels, dy't er in pear dagen nei syn ûntslach útjaan liet, joech er ta dat de swierrichheden op syn wurk feroarsake wiene troch syn drugsferslaving. Hy sei ta der alles oan dwaan te sillen om himsels en syn famylje en freonen wer rjocht yn 'e eagen sjen te kinnen.[2]
Troch syn ferneamdheid dy't fuortkaam út syn wurk foar Goede Tijden, Slechte Tijden, waard Doedens gauris frege foar oare programma's. Sa presintearre er yn 2011 it jongereinprogramma Kids Top 20, en yn 2013 The Best of Idols Worldwide en X Factor (Backstage). Teffens hied er yn 2011 in gastrol yn twa ôfleverings fan 'e minysearje Gooische Frieten, wylst er yn 2014 in lytse rol yn 'e Amerikaanske soapsearje The Bold and the Beautiful fertolke. Fierders die Doedens mei syn kollega's Ferri Somogyi, Mark van Eeuwen en Ruud Feltkamp mei oan 'e spulshow Fort Boyard, wêrby't syn tiim de oerwinning behelle en hysels útroppen waard ta fanatykste spiler.
Dêrnjonken wie Doedens ek aktyf as stimakteur, wêrby't er syn stim û.m. liende oan it personaazje Ted yn 'e Nederlânsktalige ferzje fan Dr. Seuss' The Lorax (2012). Fanwegen syn eftergrûn mei muzyk waard Doedens yn 2011 frege as dûbluere foar haadrolspiler Jim Bakkum yn 'e musical Wicked, dêr't er de tsjinspiler wie fan aktrise Chantal Janzen. Yn 2012 spile Doedens fierder mei û.o. Tygo Gernandt yn 'e jongereinsearje De Vier van Westwijk, foar de AVRO. Ek died er yn 2013 mei oan 'e kwis Ranking the Stars en yn 2014 oan it realityprogramma Expeditie Robinson. Sûnt 2015 is er yn 't spier as dûbluere foar it personaazje Danny Zuko, yn 'e musical Grease. Yn 2016 hie Doedens in byrol yn 'e komyske horrorfilm SneekWeek.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- singles
- 2011 – Bij Mij
- 2011 – Jij
- 2011 – Jij (uptempo remix)
- 2013 – Hoger en Verder
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Offisjele webside fan Ferry Doedens
- (in) Folsleine filmografy fan Ferry Doedens yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|
- Frysk telefyzje-akteur
- Frysk toanielakteur
- Frysk musicalakteur
- Frysk stimakteur
- Frysk telefyzjepresintator
- Frysk sjonger
- Frysk artyst
- Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma
- Nederlânsk telefyzje-akteur
- Nederlânsk toanielakteur
- Nederlânsk musicalakteur
- Nederlânsk stimakteur
- Nederlânsk telefyzjepresintator
- Nederlânsk sjonger
- Nederlânsk artyst
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Drachten
- Persoan berne yn 1990