Ferrizeniskatedraal (Staraja Rûssa)
Ferrizeniskatedraal
Воскресенский собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Novgorod | |
plak | Staraja Rûssa | |
adres | Vozrozjdenija Ul., 1 | |
koördinaten | 57° 59' N 31° 21' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1692-1696 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 531520382170005 | |
Kaart | ||
De Ferrizeniskatedraal (Russysk: Воскресенский собор, Voskresenski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Staraja Rûssa, Ruslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard yn 'e jierren 1692-1696 boud oan 'e rivier de Polist. Earder stie der op it plak in oan Sint-Jan wijde tsjerke, dy't yn 'e Tiid fan Unstjoer ferneatige waard. De âlde toer waard yn 'e jierren 1797-1801 ferfongen troch in trije ferdjippings hege nije toer. Manlju út Tûla getten de acht klokken, dy't yn 1811 yn 'e toer ophongen waarden.
De katedraal krige it hjoeddeiske oansjen yn 'e jierren 1828-1833, doe't it gebou grutter makke en yn Russysk-byzantynske styl ferboud waard. In pear jier letter waard de toer mei noch in ferdjipping ferhege. In lêste grutte restauraasje foar de Oktoberrevolúsje fûn plak oan it begjin fan 'e 20 iuw, doe't de fûneminten fanwegen fersakking en skuorren ferbettere wurde moasten.
Sovjet-tiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lykas foar de hiele Russysk-Otterdokse Tsjerke briek ûnder bolsjewistysk bewâld foar de katedraal in drege tiid oan. Yn 1935 waard de katedraal foar de earetsjinst sletten. Sûnt 1937 waard it gebou oerdroegen oan in museum. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de katedraal brûkt as sikehûs. By de bombardeminten op 'e stêd yn 1944 rekke de katedraal slim skeind, mar nei de kriich dochs wer yn gebrûk nommen as bioskoop en pakhûs. Sûnt 1984 waard de tsjerke ferboud en troch it Museum fan it Noardwestlik Front yn gebrûk nommen.
Weromjefte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1992 waard de katedraal werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke en it museum ferhûze nei in oare lokaasje yn 'e stêd. Op 1 oktober 1993 waard de katedraal wer iepene foar de earetsjinst. Yn itselde jier krige de tsjerke wer acht klokken, dy't getten binne yn 'e Oeral. De tsjerke waard restaurearre en krige by dy restauraasje reade kleuren.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Воскресенский собор (Старая Русса)
|