Springe nei ynhâld

Ferljochting (streaming)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferljochting (tiidrek))
It pamflet Wat is ferljochting? fan Immanuel Kant.

De ferljochting hâldt yn de politike en filosofyske beweging dy't de opfettingen oer polityk, filosofy, wittenskip en religy binnen de westerske wrâld tige yngeand wizige hat. It begjin en ein fan dizze beweging is net krekt oan te jaan, mar lei rûchwei tusken 1650 en de Frânske Revolúsje op 'e ein fan de 18e iuw.

De ferljochting spile him foar it meastepart ôf yn de hegere maatskiplike rûnten. In soad ûntwikkele aristokraten wienen deryn ynteressearre. It wichtichste prinsipe fan dizze beweging wie de opfetting dat de wierheid oer guon saken fûn wurde koe mei help fan de ratio (de rede, it ferstân), yn stee fan wat bygelyks de tsjerklike gesachshawwers sûnder mis foar wier oannommen. In foarbyld hjirfan wie Isaac Newton dy't sei dat yn it hielal wetten jilde dy't troch de minske ûntdekt wurde koene. It tsjinoerstelde fan dizze fyzje wurdt wol obskurantisme neamd. In protte oanhingers fan de ferljochting waarden troch harren ideeën finzen setten of moasten flechte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]