Yn Nederlân binne de ferkearsbuorden definiearre yn it Reglement verkeersregels en verkeerstekens (RVV 1990). Dy algemiene maatregel fan bestjoer stelt foar Nederlân ûnder mear de neikommende ferkearsbuorden fêst.
Tusken heakjes it nûmer neffens RVV 1966.
C8: Ferbean foar motorreauwen dy't net flugger ride kinne of meie as 25 km/h
C9: Ferbean foar ruters, fee, weinen, motorreauwen dy't net flugger ride kinne of meie as 25 km/h en brommers, fytsen, bromfytsen en reauwen foar handikepten
C10: Ferbean foar motorreauwen mei oanhingwein (18)
C11: Ferbean foar motorfytsen (19)
C12: Ferbean foar alle motorreauwen (20)
C13: Ferbean foar bromfytsen, snuorfytsen en reauwen foar handikepten mei in wurkjende motor (21)
C14: Ferbean foar fytsen en reauwen foar handikepten sûnder motor (22)
C15: Ferbean foar fytsen, bromfytsen en reauwen foar handikepten (23)
K1: Lege beslissingspaadwizer by de autodyk del foar trochgeande rjochting, mei ynterlokale doelen en harren ôfstân en dyknûmer fan de autodyk
K2: Foarpaadwizer by de autodyk del foar ôfslaande rjochting, mei ôfstânoantsjutting, ôfritnûmer, ynterlokale doelen (boppeste doel = ôfritnamme), ferwizing nei loftthaven en dyknûmer fan net-autodyk
K2: Itselde
K3: Beslissingspaadwizer by de autodyk del foar de ôfslaande rjochting nei in fersoargingsplak, mei de namme fan it parkearplak en symboalen dy't oanjouwe hokker foarsjennings dêr binne
K4: Hege beslissingspaadwizer by de autodyk del meiin paniel foar de rydstripe foar de trochgeande rjochting en paniel foar de ôfspjalting foar de ôfslaande rjochting, mei ynterlokale doelen, dyknûmers fan de autodiken en Jeropeeske haadrûten
K4: Itselde (mei omheechwizende pylk foar trochgeande rjochting)
K5: Foarpaadwizer by in net-autodyk del, mei ynterlokale doelen, dyknûmers, fiaduktsymboal en oantsjutting yndustryterrein
K6: Beslissingspaadwizer by in net-autodyk mei ynterlokale doelen en dyknûmer net-autodyk
K7: Paadwizer foar fytsers en bromfytsers (hânwizer), mei lokaal doel, ynterlokaal doel, stêdlik fytsrûtenûmer (boppe), en mei ynterlokale doelen en ynterlokaal fytsrûtenûmer (ûnder)
K8: Paadwizer foar fytsers en bromfytsers (steapelboerd), mei ynterlokale doelen en een oer in alternative rûte te berikken doel (kursyf, grien)
K9: Omlieding. Maatregel op foarpaadwizer by in net-autodyk del
K10: Foarpaadwizer yn de beboude kom mei ynterlokaal doel, lokaal doel, in deirekreaasjesintrum, objekten en stedsrûtenûmers
K11: Foarsortearje op net-autodyk. Boerd mei ynterlokale doelen, dyknûmers en ferwizing nei in autodyk
K12: Wykpaadwizer yn de beboude kom, mei wyknammen (yn ferkearsgebieten)
K13: Wykpaadwizer yn de beboude kom, mei wyknûmers (yn ferkearsgebieten)
K14: Rûte foar it ferfieren fan bepaalde gefaarlike stoffen