Ferealens
Ferlealens of ferealing is in gemoedstastân dy't jin oerkomt, wêrby't men sterke positive gefoelens op it mêd fan 'e romantyske leafde fielt foar in oare persoan. Dit gefoel kriget men yn 'e regel oan it begjin fan in leafdesrelaasje, wêrnei't it nei geraden dat de relaasje him fierder ûntwikkelet stadichoan feroaret yn stabilere leafdesgefoelens, fertroudheid, stipe en burgenens. Guon libbenspartners ûnderfine ferealens lykwols as in duorjend ûnderdiel fan harren relaasje.
Ferealens komt fral tige faak foar by bern yn 'e puberteit. It hoecht net fan twa kanten te kommen, sterker noch, it komt teminsten likefaak foar as ûnderdiel fan ûnbeäntwurde leafde as fan wjerssidige leafde. As it mar fan ien kant komt, kin ferealens ta in protte leafdesfertriet liede. Itselde is it gefal as dejinge op wa't men fereale is, om 'e iene of oare reden ûnberikber is of rekket (bygelyks troch in ferhuzing).
Ferealens is in emosjonele reäksje, dy't gauris yrrasjoneel en primityf is. Sels wittenskippers dy't har ferdjipje yn dizze matearje en persiis witte wat der spilet, steane machteleas as se fereale reitsje. As der neat mei ferealens dien wurdt, giet it meitiid yn 'e measte gefallen út himsels wer oer. Soms is dat net it gefal, en hâldt men jierrenlang deselde djippe gefoelens foar immen, mooglik sûnder dat dy persoan him of har dêr bewust fan is.
Wittenskiplik kin ferealens ferklearre wurde troch it oanmeitsjen fan beskate hormoanen en neurotransmitters yn 'e harsens (benammen fenyletylamine, noradrenaline, adrenaline, endorfine, dopamine en oksytosine) by it sjen, hearren of rûken fan 'e persoan op wa't men fereale is. Dy hormoanen wurkje ferslaavjend, mei as gefolch dat fereale minsken sa faak en lang mooglik yn 'e buert wêze wolle fan dejinge op wa't se fereale binne.
Fereale lju kin men sadwaande gauris werom om't se geduerich yninoars neite omhingje en oare foarmen fan 'fereale gedrach' fertoane, lykas hân-yn-hân of earmke-om te rinnen, tútsjen, it ferwaarleazjgen fan jins freonskippen, ferlegenheid en knoffeligens yn it bywêzen fan dejinge op wa't men fereale is, ensfh. Oare symptomen fan ferealens, dy't ek by ûnbeäntwurde ferealens foarkomme, binne: it ideälisearjen fan dejinge op wa't men fereale is, mislikens ('flinters yn 'e búk'), yrrasjonele tinkpatroanen, in dreamerige blik, konsintraasjeferlies, brekme oan ytlust en lichte sliepeleasheid.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |