Springe nei ynhâld

Ferdrach fan Traverse des Sioux

Ut Wikipedy
Op dizze kaart is yn ljochtgrien it gebiet werjûn dat troch it Ferdrach fan Traverse des Sioux yn Amerikaanske hannen kaam.

It Ferdrach fan Traverse des Sioux wie in ferdrach dat op 23 july 1851 by Traverse des Sioux, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, sletten waard tusken fertsjintwurdigers fan 'e Amerikaanske oerheid en de opperhaden fan 'e Sisseton- en Wahpeton-stammen fan 'e Eastlike Dakota-Yndianen.
By dit ferdrach stiene de Sisseton en Wahpeton yn totaal 97.000 km² lân ôf, wêrfan't it meastepart yn súdlik en westlik-sintraal Minnesota lei, mar dat yn it westen en suden útstiek oer de (lettere) grinzen hinne fan Súd-Dakota en Iowa. Yn ruil dêrfoar sei it Amerikaanske regear de útkearing ta fan in betelling yniens en jierjilden ter wearde fan yn totaal $1.665.000. Boppedat waarden oan 'e Wahpeton en Sisseton twa Yndianereservaten tawiisd yn it streamgebiet fan 'e rivier de Minnesota, te witten it Opper-Sû Yndianereservaat en it Neder-Sû Yndianereservaat, dy't lykwols letter in tydlike status taparte krigen.

Ferdrach fan Traverse des Sioux troch Frank Blackwell Mayer

It wiene Alexander Ramsey, de earste gûverneur fan it Territoarium Minnesota, en Luke Lea, de kommisaris fan Yndiaanske Saken, dy't by de Wahpeton en Sisseton op it sluten fan sa'n soarte ferdrach oanstiene. De bedoeling wie om lân frij te meitsjen foar kolonisaasje troch de blanken. In protte leden fan 'e stammen wiene huverich om safolle lân ôf te stean, mar de opperhaden wiene fan miening dat se net folle oare kar hiene as om oan 'e druk fan 'e Amerikanen ta te jaan, mei't harren opsjes troch it Ferdrach fan Prairie du Chien (1825) en harren nederlaach yn 'e Oarloch fan Swarte Hauk beheind wiene. Uteinlik betelle de Amerikaanske oerheid de Yndianen $0,03 de acre, wylst it lân neitiid oan kolonisten ferkocht waard foar $1,25 de acre.

Troch it Ferdrach fan Traverse des Sioux en it twa wiken letter berikte Ferdrach fan Mendota, mei de Mdewakanton- en Wahpekûte-stammen fan 'e Eastlike Dakota, kaam suver hiel súdlik Minnesota iepen te lizzen foar kolonisaasje troch de blanken. Trochdat de Amerikaanske oerheid syn ferplichtings ûnder de beide ferdraggen net folslein en op beskate mêden hielendal net neikaam, droech it Ferdrach fan Traverse des Sioux yn hege mjitte by ta it ûntstean fan 'e útsichtleaze sitewaasje dy't de Eastlike Dakota der goed tsien jier letter ta driuwe soe om wapenderhân yn opstân te kommen en de Dakota-Oarloch fan 1862 te begjinnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.