Ferdrach fan Sault Ste. Marie

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

It Ferdrach fan Sault Ste. Marie wie in formele oerienkomst dy't op 16 juny 1820 sletten waard yn Sault Ste. Marie, yn wat letter de Amerikaanske steat Michigan wurde soe, tusken it regear fan 'e Feriene Steaten en de Odjibwe-Yndianen fan 'e Sault Ste. Marie-troep, dy't de eastpunt fan it skiereilân Opper-Michigan bewennen. (De neikommelingen fan dy Yndianen foarmje hjoed de dei de federaal erkende Sault Ste. Marie Stamme fan Tsjippewa Yndianen fan Michigan.) By dit ferdrach stiene de Odjibwe fan 'e Sault Ste. Marie-troep 41,4 km² grûn oan 'e rivier de St. Marys ôf, sadat de Amerikanen dêr de legerbasis Fort Brady oanlizze koene. Yn ruil dêrfoar krigen de Odjibwe in betelling yn 'e foarm fan beskate soarten hannelsguod en boppedat it rjocht om "oant yn ivichheid" fiskje te meien yn 'e streamfersnellings fan 'e St. Marys.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: