Springe nei ynhâld

Ferdinand Oldewelt

Ut Wikipedy
Ferdinand Oldewelt
keunstner
Foto fan Ferdinand Oldewelt troch Adriaan Boer
Foto fan Ferdinand Oldewelt troch Adriaan Boer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ferdinand Gustaaf Willem Oldewelt
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 augustus 1857
stoarn 22 april 1935
wurkpaad
wurksum as Skilder, etser, tekener
offisjele webside
RKD-profyl

Ferdinand Gustaaf Willem Oldewelt (Amsterdam, 19 augustus 1857 - Laren, 22 april 1935) wie in Nederlânske keunstskilder.

Ferdinand Oldewelt studearre fan 1871 oant 1878 oan de Ryksakademy te Amsterdam, dêr 't er studearre ûnder lieding fan prof. August Allebé en Barend Wijnveld.

Dêrnei foltôge er syn oplieding oan de Antwerpske akademy as learling fan ûnder oaren Karel Verlat. Yn 1891 waard er beneamd ta haadlearaar oan de skoalle foar keunstniverheid te Haarlim, wêrnei 't er yn 1896 beneamd waard ta direkteur fan de Akademy Minerva yn Grins.

Dêrnei waard er yn 1903 beneamd ta haadlearaar oan de Willem de Kooning Akademy te Rotterdam, oan hokker ynstitút er oant syn pensjoen yn 1922 ferbûn bleau. Hy wie learaar fan ûnder oaren Stans Balwé, Pieter den Besten, Gesina Boevé, Alida van Houten, Herman Mees, Henri Minderop en Henk Schilling.

Yn 1890 wie er ien fan de earste skilders dy 't skildere yn it lettere keunstnersdoarp Laren, mar earst yn 1922 fêstige er him dêr.

Oldewelt wie lid fan "Arti et Amicitiae" en "Pulchri Studio".

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: