Ferbûn fan de Spearen
By it Ferbûn fan de Spearen giet it om in teory oer it ûntstean fan de Franken.
Doe't Tasitus yn de 1e iuw, yn syn boek De Origine et situ Germanorum, skreaun oer alle stammen en folken yn Germaanje, bestie der noch gjin Frankysk folk. Ut healwei de 3e iuw komme lykwols de earste berjochten oer harren. En sûnt dy tiid hawwe sy ek steesoan soarge foar problemen oan de grins fan it Romeinske Ryk.
Ferdreaun troch de see
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ferklearring, oars as gewoan dat Tasitus de stam skynber net koe, wurdt socht yn in ferbûn fan stammen. Dêrby giet it dan ynearsten om kustbewenners, de Friezen en Sjauken, dy't om 250 hinne foar it meastepart ferdreaun waarden út harren gebiet troch de stiging fan de see kombinearre mei in rige fan stoarmfloeden. Hja gienen fierder it lân yn, by de see wei. Dêrby kamen hja, by de Isel, yn kontakt mei oare stammen, lykas de Sjamaven, de Brukteren en de Tubanten, dy't ek wer plak meitsje moasten en tichter op de rivier kamen te wenjen.
De Romeinske grins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't it gebiet te lyts wie foar al dy stammen waard de druk op de Romeinske grins grutter. Earst doe't de stammen harren mear opstelden as in ienheid, de Franken, slagge it harren om de Romeinen te twingjen harren yn it ryk ta te litten. De Franken dy't fan de see kamen waarden foederaty fan it Romeinske Ryk, mei as wenplak de Kimpen en letter ek fierder nei de Belgyske seekust. De oare stammen bleaunen oan de noard- en eastkant fan de Ryn, mar krongen ek op nei it suden.
Nammen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dy westlike stammen wurde oantsjutten mei de namme Salyske Franken, wat wol útlein wurdt as sâlte Franken, dat wol sizze: Franken fan de see. Der wurdt lykwols ek tocht oan Franken fan de Isala, de Isel, nei it plak dêr't hja ynearsten telâne kamen.
De eastlike stammen wienen de Ripuaryske Franken, útlein as Franken fan de igge, dat wol sizze: Franken fan de rivier.
Foar de namme Franken wurdt wol tocht oan de moedigen, mar ek wol dat de Franken, krekt as de Saksen mei harren Saksa, bilen, neamd wienen nei harren wapens, de franka, de spearen. Dat soe in ûnderskied meitsje tusken de eastlike Germanen mei bilen, en de westlike mei spearen. Yn beide gefallen wie it wichtichste grif dat hja wapens droegen; eat dat allinnich in frijenien dwaan mocht.
Teory
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De teory dat de Franken ûntstean binne út it byinoar gean of gearwurkjen fan ferskate Germaanske folken bestie al langer. It gong dan benammen om stammen út it gebiet dêr't de Ryn de Dútsk-Nederlânske grins oer giet. Twadde helte 20e iuw is dêr bykaam dat it de folken fan de Noardseekust wêze koenen, tegearre mei de oare folken. De hjir brûkte namme foar de teory komt fan de gearwurking fan dy stammen tsjin de Romeinen.