Springe nei ynhâld

Feodorovski-katedraal (Pûsjkin)

Ut Wikipedy
Feodorovski-katdraal
Lokaasje
lân Ruslân
federale stêd Sint-Petersburch
plak Pûsjkin
koördinaten 59° 43' N 30° 23' E
Arsjitektuer
boujier 1909-1912
monumintnûmer 7810445060
Webside
gosudarevsobor.cerkov.ru
Kaart
Feodorovski-katedraal (Sint-Petersburch)
Feodorovski-katedraal

De Feodorovski-katedraal (Russysk: Феодоровский Государев собор) is in russysk-otterdokse katedraal yn Tsarskoje Selo, tsjintwurdich Pûsjkin, Ruslân. De tsjerke waard yn 'e jierren 1909-1912 yn opdracht fan tsaar Nikolaas II boud foar de keizerlike famylje en tsjinne ek as tsjerke foar de keizerlike garde en it rezjimint fan 'e ynfantery fan Tsarskoje Selo. Tusken 1931 en 1991 wie de tsjerke sletten. De tsjerke is net in echte katedraal yn 'e roomske betjutting, mar in kollegiale tsjerke.

Yn 'e tsjerke wurdt de wûnderdiedige Feodorovskaja-ikoan fan 'e Mem Gods fereare, in ikoan dat ikonografysk te ferlykjen is mei it Vladimir-ikoan.

Tydlike tsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1895-1896 waard yn it gebiet fan 'e Egyptyske Poarte fan Tsarskoje Selo it keizerlike rezjimint fan 'e tsaar stasjonearre. Foar it rezjimint waarden houten barakken boud. Ek de russyske garde, dy't ferantwurdlik wie foar de bewaking fan 'e tsaar, hie dêr de kazerne.

Healwei de jierren 1890 ûntstie it plan om op dy lokaasje in kompleks yn 'e styl fan 'e 17e iuw te bouwen. De namme dêrfan soe Feodorovski-stêd wurde mei as sintrum in rezjiminttsjerke. Yn 1908 wiisde de tsaar sels net fier fan it Aleksanderpaleis it plak oan dêr't dy tsjerke komme moast.

Oan it begjin fan 1909 waard in tydlike tsjerke ynrjochte yn ien fan 'e nije gebouwen foar it rezjimint. De yn febrewaris 1909 ynwijde tsjerke waard konsekrearre yn 'e namme fan Sint-Serafim fan Sarov.

It lizzen fan de earste stien troch tsaar Nikolaas II.

De earste tekenings foar de tsjerke waarden troch de arsjitekt A.N. Pomerantsev makke. De arsjitekt makke rûge sketsen fan in tsjerke yn 'e styl fan Konstantin Thon's tsjerken. Op 20 augustus 1909 lei tsaar Nikolaas II de earste stien foar de tsjerke. Mar de plannen fan Pomerantsev krigen krityk en it waard al gau dúdlik dat se te grutskalich útfoelen. De doe jonge arsjitekt V.A. Pokrovski waard útnoege om in nij ûntwerp te meitsjen, dat goedkard waard en it wurdt algemien oannommen dat hy de Ferkundigingskatedraal yn it kremlyn fan Moskou yn 'e oarspronklike foarm, sûnder de 16e-iuwske feroarings en fergruttings, as útgongspunt naam.

De tsaar by in besite oan de tsjerke (1912).

Tsaar Nikolaas en syn frou droegen 150.000 tûbel by oan de bou fan de katedraal en by belangrike mominten fan de bou wiene hja altiten oanwêzich, lykas it setten fan de krusen op de katedraal of it ophingjen fan de klokken. De totale kosten fan de bou bedroegen 1.150.000 rûbel, dat njonken de fêste bydrage fan de keizerlike famylje troch rike keaplju en yndustriëlen by inoar brocht waard. De offisjele konsekraasje fan de nije katedraal fûn op 2 septimber 1912 plak yn oanwêzigens fan de keizerlike famylje. As de keizerlike famylje yn Tsarskoje Selo wie dan wennen se sneins of op feestdagen de tsjinsten by.

De tsjerke waard yn 1917 in parochytsjerke en yn 1922 waard der beslach lein op 'e weardefolle saken fan 'e tsjerke. Guon saken kamen yn it museum telâne en oare saken waarden foar útstallings brûkt, ek waarden der saken út de tsjerke stellen. Sûnt jannewaris 1928 wie de tsjerke ien fan 'e sintra fan de Jozefitebeweging, in nei de metropolyt Iosif (fan Petrograd) ferneamde beweging. Iosif wie ien fan 'e lieders fan it anty-Sovjet ferset en organisearre de ûndergrûnske tsjerke (de Katakombe-Tsjerke). Fanút oare parochy's yn Sint-Petersburch, dy't oansletten wiene by de Jozefiten, waarden regelmjittich pylgertochten nei de tsjerke organisearre.

Tagong

Yn desimber 1932 waard foar it earst de fraach oer it sluten fan de tsjerke op it nivo fan 'e stedsried besprutsen. Arguminten foar it sluten wiene it al grutte tal besteande tsjerken fan Detski Selo, sa't Pûsjkin doe hiet, en de fraach nei in lokaasje foar de feriening fan it Ynstitút foar it fokken fan molkfee, dêr't de tsjerke dan wol gaadlik foar wie. Op 27 desimber 1933 foel it offisjele beslút de tsjerke foar de earetsjinst te sluten. De noch restearjende saken waarden oer ferskillende musea ferdield en de mozaïken oerskildere. De boppetsjerke waard ynrochte as bioskoop en it filmdoek kaam yn it alter te hingjen. De benedentsjerke waard in film- en fotoargyf.

Dútske artillery soarge foar grutte skea oan it gebou yn 'e Twadde Wrâldkriich. Yn 'e muorren fan de noardlike en westlike gevels sieten gatten, it dak wie der slim oan ta en de grutte koepel waard ferneatige. It argyf gyng ferlern doe't de tsjerke útbaarnde. Neffens guon ferslaggen waard de benedentsjerke nei de kriich brûkt om griente yn op te slaan. Yn 1962 waarden de oanbousels fan de katedraal opblaasd en de rest fan wat der fan de katedraal oerbleau waard brûkt troch klimmers om te trainen.

Ynterieur.

De restauraasje yn 'e jierren 1985-1995 makke fan 'e ruïne wer in katedraal. Yn dat tiidrek, om krekt te wêzen yn 'e maaitiid fan 1991, waard de katedraal werom jûn oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Noch itselde jier waard yn ien fan 'e parken fan Tsarskoje Selo de Feodorovski-ikoan fan de Mem Gods werom fûn, dy't wer in plak krige yn de katedraal. Op 15 jannewaris 1992 koene de earetsjinsten yn 'e benedentsjerke wer útein set wurde, op 29 augustus 1996 ek yn 'e boppetsjerke.

On 4 septimber 2009 waarden fanút Amsterdam twa ikoanen yn Moskou ôflevere; de ikoanen waarden ûntdutsen yn in partikuliere kolleksje en kamen oarspronklik út de Feodorovski-katedraal: de ikoan fan de Mem Gods en fan Aleksander Nevski, dy't earder oan 'e haadbanieren fan 'e boppetsjerke hongen. De ikoanen wurde tsjintwurdich útstald yn it Ikoanehûs oan 'e Ul. Spiridonovka yn Moskou.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Феодоровский собор (Пушкин)