Femme Gaastra
Femme Simon Gaastra (Ljouwert, 23 july 1945) is in Nederlânsk histoarikus en eardere professor maritime skiednis oan de Universiteit Leien.
Oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gaastra folge de middelbere skoalle oan it Ryks Lyseum yn It Hearrenfean, wêrnei’t hy fan 1965 oant 1972 skiednis studearre oan de Universiteit Leien.
Akademyske karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1972-73 begûn hy as ûndersiker by de Nederlânske Organisaasje foar Sver Wittenskiplik Undersyk, mei de Nederlânsk-Aziatyske skipfeartbetrekkingen as Ûndersyksgebiet. Yn 1973-'74 joech hy skiednis yn Haarlim en yn maart 1974 stelde de Universiteit Leien him oan as universitêr dosint. Yn 1989 promovearre hy op in ûndersyk nei it belied fan de VOC. Yn 2004 folge hy Jaap Bruijn op as professor maritime skiednis. Hy jildt ynternasjonaal as ien fan de grutste kenners fan de skiednis fan de VOC. Op 11 juny 2010 is Gaastra mei emeritaat gien, hy is opfolge troch Henk den Heijer, spesjalist yn de skiednis fan de WIC, dy’t al oan de Universiteit Leien ferbûn wie.
Wichtichste publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- mei J.R. Bruijn en I. Schöffer, Dutch-Asiatic Shipping in the 17th and 18th Centuries (De Haach 1979).
- De Geschiedenis van de VOC (Haarlim 1982; 10e hielendal wersjoene printinge, Zutphen 2009). [Ingelske oersetting: The Dutch East India Company. Expansion and decline (Sutfen 2003)].
- Bewind en beleid bij de VOC, De financiële en commerciële politiek van de bewindhebbers 1672-1702 (Sutfen 1989).
- mei J.R. Bruijn (ed.), Ships, sailors and spices. East India Companies and their Shipping (Amsterdam 1993).
- Particuliere geldstromen binnen het VOC-bedrijf 1640-1795 (Leien 2002).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |