Springe nei ynhâld

Femke Weidema

Ut Wikipedy
Femke Weidema
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 1982
berteplak Drachten
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt muzykprodusint, sjonger
aktyf as multy-ynstrumintalist, producer en songwriter
jierren aktyf 2004 -
prizen Latin Grammy
offisjele webside
www.femkemusic.com

Femke Weidema (Drachten, 1982) is in multy-ynstrumintalist, produsint en songwriter.

Femke begûn mei klassike akkordeonlessen by Hotze Jelsma oan de Meldij yn Drachten. Yn 1999 die se mei Tizzmtog mei oan Tsjoch 22.[1]Yn 2003 wûn se ûnder de namme Femke de noardlike regiofinales fan de Grutte Poppriis fan Nederlân.[2] Nei it fuortset ûnderwiis gie se oant 2004 nei it Prins Claus konservatoarium yn Grins. Dêr waard har mearsidichheid – se spile wyls op ferskate ynstruminten, song en komponearre – as in beheining sjoen.[3] Se studearre dêr Komposysje Muzyk Produksje en Sound design. Yn 2005 krige se in folsleine scholarship foar Berklee College of Music yn Boston. Se wûn dêr de Berklee Women Songwriting. Neidat se har stúdzje ôfmakke hie wûn se in ASCAP-beurs foar lietsjes skriuwen.

Yn 2007 ferhuze se nei Los Angeles en bedarre dêr yn de film- en tf-muzykscene dêr’t se wurke mei jazzpianist Don Grusin en filmkomponisten as Hans Zimmer en Richard Gibbs. Mei Gibbs skreau se foar tillefyzjeshows as Ten Things I Hate About You fan ABC Family en The Tracey Ullman Show.[4] Mei Blink 182 song se foar de soundtrack fan de film Fired Up.
Se kaam yn kontakt mei songwriter Liz Rose en ferhuze nei Nashville. Se krige dêrnei in Publishing deal oanbean by Ten Ten Music Group in Nashville dêr’t se sûnttiids wurket yn in eigen studio. Femke Weidema eksperimintearret graach mei lûden en effekten op synthesizers.

Mei har op partisipaasje basearre LV Music produsearret se muzyk foar oaren. Se wurket yn de mande mei keunstners út Tailân, Sina, Kanada, Ingelân, Dútslân en Skotlân.[5] Femke Weidema skreaun in tal lieten foar Latynsk-Amerikaanske artysten. Mei Beto Cuevas skreaun se de twadde single foar syn album Transformacion. Dêrfoar krige se in yn Las Vegas de Latin Grammy.[6]

Yn Nashville waard se folge troch presintator en programmamakker Afke Boven foar de dokumintêre ‘Niet dromen, maar doen’, dy ’t yn 2017 útstjoerd waard op Omrop Fryslân en NPO2. [7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Drachtster songwriter Femke Weidema in Nashville: ‘Wat is er mis mee om veel te willen?’’’ yn: Drachtster Krante , 1 juni 2017
  • Fryslân docdocumintêre ‘’Niet dromen, maar doen’’.

Noaten

  1. Streektaalzang oer Tizzmtog
  2. ‘’Femke wint regiofinale van Grote Popprijs’’ yn: Frysk Deiblêd, 15 septimber 2003
  3. It Nijs, 27 maaie 2017
  4. Webside Ten Ten Music group
  5. Girlgangmusic
  6. Latin Grammy voor Drachtster Femke Weidema yn: Drachtster Krante, 23 novimber 2013
  7. Radio1, 1 juni 2017