Springe nei ynhâld

Felstbank

Ut Wikipedy
Kluten Izeroer, opdold fan 1.5 m. djipte

In fels(t)bank of izeroerbank is in hurde opheaping fan izer (izeroxyde-hydraat), ticht ûnder it meanfjild.

Fels is izerhâldend sedimintêr stiente dat ûntstien is troch it delslaan fan izerferbinings út wetter troch oksidaasje. It oploste izer wurdt oanfierd troch grûnwetter, troch rivierwetter, troch útleagjen fan de boaiem of troch opwâljend izerhâldend parswetter. In inkele kear sit it yn de klaailiem. Oksidaasje kin op plakken dêr't soerstof yn 'e boaiem komme kin op hyltyd it selde plak en it grûnwetterpeil konstant is of boppen in wetterstagnearjend laach sa as klaailiem. As beken of rivieren oerstreame kin op de omlizzende feangûn troch oksidaasje oan it oerflak fels ôfset wurre. Ek op deksân komt fels foar .

Troch de fels ûntstiet in ûntrochlitbere laach en kinne puollen, marren of petgâten ûntstean .

It wurdt benammen fûn yn lege streken dy't in rol spylje yn de ôfwettering fan in gebiet, yn Fryslân bygelyks yn de leechten fan de Linde en de Tsjonger. It izer komt fan útleaging fan de hegere grûnden oan de kanten fan de rivier of is meifeart troch it wetter út feangebieten. In felstbank ûntstiet as it yn it grûnwetter oploste izer mei de loft yn oanrekking komt en delslacht.

It oer of fels(t) wurdt wûn foar yndustriële doelen.

  • A. Dekker: De Oostnederlandse Hoogovens.
  • B.S. Kapsenberg: Uit IJzer gegoten (1982).
  • J.I.S. Zonneveld: Levend Land; de geografie van het Nederlands Landschap.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: