Springe nei ynhâld

Feldberger Seenlandschaft

Ut Wikipedy
Feldberger Seenlandschaft
FlaggeWapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Meklenburch-Foarpommeren
Sifers
Ynwennertal4.399 (2014)
Oerflak199,57 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens22 / km²
Hichte135 m
Oar
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Websidewww.feldberger-seenlandschaft.de

Feldberger Seenlandschaft ('gebiet fan de marren fan Feldberch') is in gemeente yn de Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren, en is part fan it Landkreis Meklenburchske Seenplatte.

Op 13 juny 1999 waarden de stêd Feldberg en de gemeenten Conow, Dolgen, Lichtenberg en Lüttenhagen meiïnoar de nije gemeente Feldberger Seenlandschaft.

It toerisme is in wichtige boarne fan ynkomsten.

Krekt nei de Twadde Wrâldoarloch waard de skriuwer Hans Fallada, dy't yn dy tiid yn Feldberg wenne, foar 18 moannen beneamd ta waarnimmend-boargemaster.

Plakken yn de gemeente binne:

  • Gräpkenteich
  • Hasselförde
  • Koldenhof
  • Krumbeck
  • Labee
  • Laeven
  • Lichtenberg
  • Lüttenhagen
  • Mechow
  • Neugarten
  • Neuhof
  • Rosenhof
  • Schlicht
  • Schönhof
  • Tornowhof
  • Triepkendorf
  • Waldsee
  • Weitendorf
  • Wendorf
  • Wittenhagen
  • Wrechen

It eardere doarp Krüselin is ûnbewennen sûnt 1945.

Berne yn Wrechen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]