Feiko Mintjes
Feiko Mintjes (It Hearrenfean, 30 juny 1965) is in Fryske keunstner út Harns. Syn wurk bestiet út skilderjen, tekenjen en illustraasjes.
Tusken 1983 - 1985 gie Feiko nei de Keunstakademy yn Kampen, dêrnei nei de Hegeskoalle foar de Keunsten yn Utert. Hy studearre yn 1990 ôf oan de Rietveldakademy yn Amsterdam. Sa no en dan is er (gast)dosint tekenjen.
Syn wurk bestiet út portretten, tekeningen, sketsen dy't ek yn tydskriften publisearre wurde. Dit ek yn de foarm fan logo's en posters. Syn technyske tekenwurk bestiet út biologyske tekeningen, kartografy, educatyf en hantliedingen.