Springe nei ynhâld

Feeëwaaksplaat

Ut Wikipedy
feeëwaaksplaat
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycotaa)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift plaatsjesswammen (Agaricales)
famylje waaksplaatsje-eftigen
   (Hygrophoraceae)
skaai waaksplaatsjes ( Hygrocybe)
soarte
Hygrocybe ceracea
(Sowerby) P.Kumm. (1871)

De feeëwaaksplaat (Hygrocybe ceracea) is in skimmel út de famylje waaksplaateftigen (Hygrophoraceae).

Feeëwaaksplaten.

De feeëwaaksplaat is in opfallend giele oant oranje poddestoel. De 1 oant 3,5 sm brede hoed is by jonge eksimplaren healrûn en wurdt dan platter mei yn it sintrum faak in bultsje. By wiet waar is de hoed waakseftich en gled. De lamellen steane relatyf opfallend wiid fan inoar. Meastentiids binne de lamellen ljochter as de hoed en bytiden ek wyt.

De stam is 2 oant 5 sm heech en 0,2 oant 0,5 sm dik.

Feeëwaaksplaatsjes ha gjin spesifike rook. De spoareprint is wyt.

De feeëwaaksplaat is lânseigen yn Europa en Noard-Amerika en wurdt fan augustus oant en mei novimber op skraal, moasryk en kalkearm gerslân en yn berms sjoen.

Op 'e reade list stiet de feeëwaaksplaats as gefoelich kategorisearre.

Feeëwaaksplaten binne net ytber.

Ferlykbere soarten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soarten dêr't de Feeëwaaksplaat mei betiizge wurde kin binne de Hunningwaaksplaat (Hygrocybe reidii) en it Gewoane fjoerswamke (Hygrocybe miniata).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: