Springe nei ynhâld

Fearpont de Burd

Ut Wikipedy
Fearpont de Burd

Fearpont de Burd is de namme fan in fearpont oer it Prinses Margrietkanaal dy't sûnt 1959 it doarp Grou ferbynt mei it eilân De Burd. De pont hat in skiednis dy't nau ferbûn is mei dy fan de ûntwikkeling fan it eilân.

Fuotfear as ferbining mei de wrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Idaarderadiel hie yn de Earste Wrâldoarloch in fuotpaad oanlein fan Grou nei de buorskippen De Burd en Sitebuorren. It paad rûn lâns de noardlike igge fan de Nauwe Burd, de Geau en de Pikmar. It sleat oan by de oerhelskou by de 'Vrijheid', dêr't men mei yn de buorren fan it doarp Grou komme.

Yn 1938 waard besletten dat der fan De Lemmer nei Delfsyl in flugge skipfeartferbining foar de hannelsfeart oanlein wurde soe: it Prinses Margrytkanaal. De rûte fan it nij groeven kanaal kruse it fuotpaad fan De Burd nei Grou. De provinsje betelle dêrom foar in roeiskou en de oanlis fan stegers. P. Postma sr. wie sûnt 1939 de fearboatskipper. Hy sette belanghawwenden 'op alle tiden' oer, 24 oeren deis.

Fearpont nei De Burd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn 1956 besletten waard om it gebiet, dêr't it eilân De Burd diel fan útmakket, te ûntsluten troch diken oan te lizzen, moast der keazen wurde foar in fearpont of in brêge. It waard in motorpont dy't 80.000 gûne koste en yn 1959 yn gebrûk naam waard. De fearboat waard bemanne troch twa pontwachters dy't foar in part betelle waarden troch de gemeente en foar in part troch de ynwenners fan De Burd, foar wa't it gebrûk fierders fergees wie. Nei't der yn 1964 problemen ûntstiene oer de lange wurktiden fan de pontbazen, waarden de fartiden fermindere sadat de roeiboaten, dy't klear leine foar selsbetsjinning, faker ynset wurde moasten om it eilân 24 oeren deis tagonklik te hâlden. Yn 1970 waard in brûkerskoöperaasje oprjochte, dy't de rjochten en plichten fan de ynwenners oernaam.

Om't ûnder oare molktankers grutter en swierder waarden, waard yn 1973 dúdlik dat der in swierdere fearpont of brêge nedich wie. Der waard foarearst keazen foar lytsere tankers en in ferlinging fan eksploitaasjetiden. Uteinlik waard yn 1979 in nije, swierdere fearpont yn gebrûk nommen. De 600.000 gûne dy't de nije fearboat koste waarden troch Ryk en provinsje betelle, wylst de boeren fan De Burd en Seinpôle ek in flink part fan de kosten fia it wetterskip betellen. De pont waard yn behear jûn oan de gemeente.

Yn de jierren ’90 wie der sprake fan it oanlizzen fan in brêge of tunnel oer of ûnder it Prinses Margrytkanaal of earne oars. De gemeente besocht troch besunigings op de begrutting fan de pont ôf te kommen, mar de brûkerskoöperaasje wegere de eksploitaasje oer te nimmen. De skipfeart op it Prinses Margrytkanaal wie yn de rin fan de jierren hieltyd drokker wurden en ek de kommersjele skipfeart fear mei hieltyd gruttere skippen. Dêrom makke de gemeente yn 1997 bekend dat de doch-it-sels-oertochten mei de skou yn de oeren dat de pont net fear te gefaarlik wurden wie. De skoukes binne dêrom bûten tsjinst steld.

Yn 1998 is de provinsje begûn mei in bydrage te leverjen oan de eksploitaasje fan de pont, wêrtroch't mear faroeren mooglik waarden. Yn in konvenant is ôfpraat dat bewenners en rekreaasjebrûkers ek mear betelje troch in jierabonnemint, ekstra ferhegings en priisyndeksearring. Oan it begjin fan de 21e iuw waard der wer in soad besunige. De nij oprjochte rekkenkeamer fan de gemeente Boarnsterhim krige yn 2006 de opdracht om de wurking fan de pont te ûndersykjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: