Faramond

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Faramond (Faramund), om-ende-by 370 - 427 wurdt troch guon skiedkundigen beskôge as de earste kening fan de Salyske Franken, alhoewol't er wierskynlyk earder in legindaryske figuer wie as in histoaryske. Hy soe de soan west hawwe fan Markomer en Frotmund.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 420 liede Faramond it Frankyske folk nei it westen. Sy stutsen de Ryn oer en festigen harren yn Noard-Galje, dat krekt in tsiental jier dêrfoar troch it Romeinske leger ferlitten wie. De Romeinen sleaten mei de nijkommers in ferdrach. Sy mochten harren fêstigje, mar moasten yn ruil dêrfoar de ferdigening fan de Limes op harren nimme.

Faromond wie troud mei Argotta, dy't in dochter wie fan Gennobaud. Hy stoar yn 427 en waard opfolge troch syn soan Klodio.

Leginde[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens guon dokuminten soe hy in ôfstammeling west ha fan Eurgen en Aminadab, dy't op har beurt wer ôfstammelings wienen fan Jezus Kristus en Jozef fan Arimatea.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]