Springe nei ynhâld

Falstad

Ut Wikipedy
Monumint op it eksekúsjeplak fan Falstad
Haadgebou Falstad
Makette fan Falstad

Falstad wie yn de Twadde Wrâldkriich in konsintraasjekamp fan it nazyrezjym yn Noarwegen. It is sûnt 1995 in monumint ta oantins fan de slachtoffers dy't dêr stoarn binne. By it monumint hearre teffens in museum en in bosk.

Skiednis Falstad-gebou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1921 waard it Falstad-gebou in spesjale jongesskoalle. It skoallekompleks hie in soad wei fan in finzenis út de 18e iuw.

Simmer 1941 lieten de Dútsers har' each op it gebou falle. De neifolgjende moannen waard Falstad omboud ta in finzenis. Der waarden dêr sa'n 5000 minsken út trettjin ferskillende lannen fêstset. De measte minsken kamen út de Sovjet-Uny, Joegoslaavje, Poalen en Denemark. It tsjinne feitlik as in tuskenstasjon foar de konsintraasjekampen yn Dútslân.

Nei de Twadde Wrâldkriich waarden dêr 3.000 leden fan de Noarske nazypartij, Nasjonal Samling (NS), fêstholden. It kamp waard 1949 opheft. It gebou krige doe wer syn oarspronklike funksje fan aparte skoalle.

In 1995 waard de skoalle in museum. Dat barde yn it ramt fan it 50-jierrich jubileum fan de frijheid yn Noarwegen. It Falstad-gebou is it bêst bewarre nazykamp yn Noarwegen.

De bosk besuden it Falstad-gebou wie it plak dêr't 220 finzenen deamakke waarden yn de jierren 1942-1943. Tusken 1945 en 1952 waarden 49 graven opdold, om út te finen wa't de deaden wienen. Yn 1947 waard in monumint foar de slachtoffers ûntbleate troch Kroanprins Olaf.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]