Fal fan Konstantinopel (1453)
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Fal fan Konstantinopel wie de oermastering fan 'e haadstêd fan it Byzantynske Ryk troch it Ottomaanske leger op 29 maaie 1453. De oanfal stie ûnder lieding fan 'e doe 21 jier âlde sultan Mehmed II, dy't it leger fan keizer Konstantyn XI Palaiologos fersloech en de keizerlike haadstêd ynnaam. Dêrmei kaam in ein oan in belis fan 53 dagen, dat begûn op 6 april 1453.
Nei de oermastering fan 'e stêd ferfongen de Ottomanen Edirne as haadstêd troch Konstantinopel en waard Konstantinopel de nije hôfstêd fan 'e sultan. De oermastering fan Konstantinopel leverde de sultan de bynamme "Mehmet de Oermasterer" op.
Mei de oermastering fan 'e stêd (en al gau dêrnei ek de oare Byzantynske besittings) kaam in ein oan it Romeinske Ryk, in steat dy't sûnt 27 foar Kristus en hast 1.500 jier bestien hie. De troepen fan Mehmet II mochten de stêd nei de oermastering trije dagen plonderje en de likernôch 30.000 ynwenners fan 'e stêd waarden as slaven ferkocht. De grutste tsjerke fan it Byzantynske Ryk, de Hagia Sofia, waard yn in moskee feroare. De Ottomanen bleaune de stêd Konstantiniyye neamen, de Arabyske namme fan Konstantinopel. Net earder as yn 1930 krige de stêd offisjeel de hjoeddeiske namme Istanbûl.
It oermasterjen fan 'e stêd troch de Ottomanen sloech ek in ûnbidich gat yn 'e ferdigening fan it Europeeske kontinint. Sûnder lykweardige tsjinstanner koene de islamityske legers no sûnder grutte wjerstân fierder trochstjitte yn it kristlike Europa.
Dêrnjonken wie it ferlies fan Konstantinopel in kearpunt yn 'e militêre skiednis. Foar lange tiid foarmen stiennen muorren en hege wâlen de ferdigening fan stêden tsjin ynkringers. De ymponearjende muorren fan Konstantinopel hiene model stien foar de stêden yn Europa en it Middellânske Seegebiet. Mar de Ottomanen wisten mei it brûken fan buskrûd de stêd lang om let op de knibbels te krijen.
De oermastering fan Konstantinopel en de ein fan it Byzantynske Ryk betsjutte in wichtich barren yn 'e skiednis en neffens guon skiedkundigen foarmet de fal fan de stêd ek de ein fan 'e midsiuwen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Fall of Constantinople
|
- Byzantynske Ryk
- Militêr treffen yn 1453
- Militêr treffen fan it Osmaanske Ryk
- Militêr treffen fan it Byzantynske Ryk
- Militêr treffen fan Genua
- Militêr treffen fan Feneesje
- Militêr treffen fan Sisylje
- Militêr treffen fan de Pauslike Steat
- Militêr treffen fan Servje
- Istanbûl
- Skiednis fan it Osmaanske Ryk
- Maatskiplike ynstoarting