Springe nei ynhâld

Ferkearing

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Faam (frijster))

Ferkearing is de omgong tusken twa persoanen dy't net troud binne, mar wol fereale opinoar binne.[1] Etymologysk sjoen is dizze term ôflaat fan it wurd 'ferkeare', yn 'e sin fan 'mei-inoar ferkeare', oftewol mei-inoar omgean. Hoewol't der semantysk gjin reden is dat men de term 'ferkearing' net brûke kinne soe foar folwoeksenen, wurdt der ornaris mei ferwiisd nei jongerein, om persiis te wêzen tiners. Fan folwoeksenen wurdt earder sein dat se 'in relaasje' hawwe. By it hawwen fan ferkearing is de ymplikaasje dat it, as it 'oan' is, nea net alhiel serieus nommen hoecht te wurden, en dat it ek samar wer 'út' wêze kin. As in ferkearing in moai skoft 'oan' bliuwt, sprekt men dêrom fan 'fêste ferkearing'. As men it oer de persoan hat mei wa't men ferkearing hat, sprekt almeast fan jins 'feint' (as it om in jonge of in man giet), of fan jins 'faam' (as it om in famke of in frou giet).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, (û. red. f.), Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy/Afûk), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 440.