Fûgeleftich
Appearance
Fûgeleftich | ||
keunstwurk | ||
Fûgeleftich | ||
bysûnderheden | ||
jier | 1976 | |
keunstner | Ids Willemsma | |
materiaal | stiel | |
plak | Alde Leie | |
lokaasje | Leijester Hegedyk |
'Fûgeleftich' is in keunstwurk yn Alde Leie dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.
It keunstwurk bestiet út fjouwer steapele eleminten, dy’t nei boppen ta alle kearen in fjirdepart lytser wurde. It gehiel foarmet in skeane trijehoek yn de romte. De trijehoek stiet symboal foar in fûgel. Sa is de skulptuer in ferbylding fan in flecht fleanende fûgels.
It keunstwurk stie earder foar de Stienzer sporthal. Nei in tal ferbouwings fan dy hal wie der te min romte en waard de skulptuer jierrenlang opslein. Yn 2000 krige it in plakje yn Alde Leie, it eardere wenplak fan Ids Willemsma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |