Springe nei ynhâld

Ex postfacto

Ut Wikipedy

Ex postfacto (faak stavere as ex post facto) is Latyn foar "mei weromwurkjende krêft" (hoewol't it letterlik "út de neisleep" betsjut). It is in term út it rjocht dy't brûkt wurdt as der troch de ynfiering fan in nije wet feroarings fan in eardere datum ôf ynfierd wurde as dat de wet fan krêft wurdt. Dus stel dat in wet op 1 jannewaris ynfierd wurdt, mar dat dy wet in bepaling befettet dêr't yn stiet dat er mei weromwurkjende krêft al fanôf 1 july it foargeande jier fan krêft is (dus in healjier foar't er eins ynfierd wurdt). Mei sa'n wet wurde ex postfacto dingen feroare. Yn it strafrjocht kinne mei sa'n konstruksje dingen ta misdriuw makke wurde, dy't legaal wiene op it stuit dat se dien waarden. Ek kin der ex postfacto in swierdere straf op in misdriuw fan tapassing makke wurde. Oarsom kinne ek dingen dy't yllegaal wiene doe't se barden troch in ex postfacto-wet dekriminalisearre wurde; soks komt faak foar as der in amnesty of in pardon ynfierd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.