Springe nei ynhâld

Eutanasysintrum Hadamar

Ut Wikipedy
Monumint op it begraafplak

Yn it Eutanasysintrum Hadamar (Dútsk: Tötungsanstalt Hadamar) yn de Dútske dielsteat Hessen waarden tusken jannewaris 1941 en maart 1945 likernôch 14.500 minsken mei in beheining of in psychyske stoarnis fermoarde. Dat barde yn it ramt fan it nasjonaalsosjalistyske eutanasy- en sterilisaasjeprogramma Aktion T4. De slachtoffers waarden troch fergassing, in deadlike ynjeksje of troch úthongering om it libben brocht. It eutanasysintrum wie ûnderbrocht yn it âld haadgebou fan de Psychiatryske Klinyk op de Mönchberg yn Hadamar. Ta ontinken fan de slachtoffers is tsjintwurdich de Gedenkstätte Mönchberg iepen foar besikers.

Nazy-propaganda 1937

Oan it begjin fan de Twadde Wrâldkriich waard yn in Berlynske filla oan de Tiergartenstrasse 4 de systematyske moard op pasjinten yn psychiatryske ynrjochtings taret. "T4" wie de koadenamme foar de filla, fan wêrút de organisaasje en de koördinaasje fan it eutanasyprogramma plak fûn. De filla waard yn de kriich ferneatige, mar in ynformaasjeboerd en in plakette ferwiisd nei de eardere de filla oan de Tiergarten.

It doel fan Aktion T4 wie it behâld fan de genetyske suverens fan it Dútske folk en troch it tapassen fan eutanasy en sterilisaasje erfsyktes út te bannen en de steatsútjeften foar ynrjochtings drastysk werom te bringen.[1]

Ynrjochting Hadamar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in diel fan it haadgebou fan de Psychiatryske Ynrjochting fan Hadamar waarden yn 1940, as lêtste fan de mei-inoar seis lyksoartige sintra yn it Grutdútske Ryk, de tariedings troffen foar it útfieren fan it nasjonaalsosjalistyske eutanasy-programma. Muorren en plafonds waarden weibrutsen, nije iepenings makke, finsters tichtmitsele, leidingen ferlein.

Njonken de ynrjochting fan in kantoar, wen- en rekreaasjeromten foar it nije personiel, waard yn it geheim yn de kelder fan it gebou in gaskeamer mei oangrinzgjend in krematoarium mei twa ûnen ynboud. Koart foar de kryst arrivearre it foar de útfiering útsochte personiel, wêrûnder artsen, susters en ferpleegjend personiel, en ek trije bussen fan it transportbedriuw 'Gemeinnützige Krankentransportgesellschaft 'GmbH (ofkoarte Gekrat of GeKraT), dy't de pasjinten ferfiere moasten nei it plak dêr't se ombrocht waarden.

De slachtoffers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De slachtoffers wiene ôfkomstich út ferskillende ynrjochtings en waarden earst nei ien fan de oan Hadamar tawiisde ynrjochtings transportearre. Om tefoarren te kommen dat erchtinkende famyljeleden harren sike besibben út de ynrjochtings hellen, krige de famylje gjin berjocht fan de oerpleatsing. Pas nei it transport folge in berjocht fan de oerpleatsing, mar sûnder de bestimming te fermelden. Famyljeleden dy't dan dochs mear witte woene, krigen dan yn 'e regel te hearren dat fanwegen de kriich de minsken oerpleatst wurde moasten en dat der noch in berjocht folgje soe. Pas as de pasjinten yn it eutanasysintrum oankamen folge it berjocht oan de famylje wêr't harren besibben wiene. Fanwegen 'krapte oan personiel troch de kriich' waard mei klam frege it soarchpersoniel sa min mooglik mei fragen lestich te fallen.[2]

De Gekrat-bussen dêr't de pasjinten yn ferfierd waarden

Fanút Hadamar folge dan de oprop fan de pasjinten om dêr fermoarde te wurden. De grize Gekrat-bussen brochten de pasjinten nei Hadamar en waarden parkearre yn de noch jimmeroan besteande garaazje. Nei it útstappen waarden de pasjinten oer in koart, ôffrede paad nei it gebou laat, dêr't se fermoarde waarden.[3]

Ear't it safier wie moasten de pasjinten earst elts apart foar in dokter en in administratyf meiwurker komme. De dokter seach in hoart nei de neakene pasjint en socht út in list fan 61 mooglike deadsoarsaken de meast wierskynlike út om yn te follen op it berjocht fan ferstjerren, dat nei de famylje stjoerd waard. Dêrnei moasten de pasjinten fotografearre en wogen wurde. As dat dien wie, waarden se troch twa ferplegers nei de likernôch 14 m² grutte gaskeamer yn de kelder brocht. De gaskeamer like op in grutte douche en der pasten maksimaal 60 minsken yn. Deselde dokter dy't it koarte ûndersyk útfierde en de deadsoarsaak fan it slachtoffer bepaalde, betsjinne ek yn in romte njonken de gaskeamer de gaskraan. Troch in lytse iepening yn de muorre koed er de stjerrende pasjinten observearje. In diel fan de pasjinten waarden dêrnei nei in aparte romte brocht, dêr't de plasse fan it slachtoffer foar wittenskiplik ûndersyk ferwidere waard. De oare liken waarden mei in lorry nei it krematoarium riden dêr't earst noch de gouden tosken lutsen waarden. [4]

Rikkjende skoarstien boppe it Eutanasysintrum Hadamar

In aparte ôfdieling fan Hadamar-Mönchberg stjoerde in pear wiken nei de moard in treastbrief mei de falske deadsoarsaak nei de famylje. Yn it berjocht oan de famylje stie altiten dat de pasjint plözlich und unerwartet oan de sykte ferstoarn wie. As treast waarden de wurden Bei der unheilbaren geistigen Erkrankung der Verstobernen ist der Tod eine Erlösung für sie tafoege. Ek waard de famylje ynformearre dat de pasjint fanwegen ynfeksjegefaar alfêst kremearre wie en dat de famylje in tsjerkhôf opjaan koe dêr't de urn hinne moast, dy't dan sûnder fiedere kosten opstjoerd waard.[5]

Neffens tsjûgen waard yn de simmer fan 1941 de kremaasje fan de 10.000e pasjint feestlik fierd. It personeel wie foar it middeisiten útnoege foar it bywenjen fan de fiering. Tsjin de jûn kamen alle minsken dy't noege wiene yn de rjochter fleugel fan it gebou byinoar gear, dêr't elts mei in flesse bier nei de kelder gyng. Yn de kelder lei in mei blommen fersierde baar mei dêrop it lyk fan in neakene man mei in grutte wetterholle. Märkle, in meiwurker fan de ynstelling, hy him foar de plechtichheid ferklaaid as preester en hold in begraffenisrede. Nei't it lyk de ûne ynskood waard sette de muzyk yn, gyng it op in sûpen en by eintsjebeslút ûntaarde it feest yn in optocht om it hiele gebou.[6]

It diel fan it haadgebou dêr't de útfiering fan Aktion T4 yn Hadamar plakfûn

Fanôf 1941 waarden alle dagen minsken mei beheinings en psychyske stoarnissen út ynrjochting fan de prusyske provinsjes Hessen-Nassau, Westfalen, Hannover, de Rynprovinsje en de steaten Hessen, Baden en Württemberg oer tuskenynstellings yn grutte grize bussen nei Hadamar brocht. Oan Hadamar wiene njoggen van sokke tuskenynstellings tawiisd. Neffens in yntern T4-dokumint waarden yn Hadamar tusken 13 jannewaris 1941 en 1 septimber 1941 10.072 minsken fergast, of, neffens it taalgebrûk fan de nazy's, 'ûntsmet'. De yn 2010 aktualisearre listen fan de Gedenkstätte Hadamar geane yn de earste operasjonele faze fan it eutanasysintrum út fan 10.122 fermoarde pasjinten.

Alhoewol't it moardzjen yn it sintrum hiel temûk barde, moat de reek fan it krematoarium, de stjonkende lucht fan ferbaarnd fleis tegearre mei praat fan it personiel teminsten fertinkings ûnder de befolking feroarsake ha dat der op de Mönchberg systematysk moarde waard.

Fral de fûle protesten fan de Roomsk-Katolike Tsjerke brocht Hitler der ta om Aktion T4 op 24 augustus 1941 ynearsten ôf te sluten. De katolike tsjerke hie it katoliken ferbean om mei te wurkjen oan de eutanasy en ek de biskop fan Limburch, Antonius Hilfrich, dêr't de katolike bewenners fan Hadamar ûnder foelen, hie in protestbrief nei de Minister fan Justysje stjoerd.

Nei it definitive beslút fan Berlyn om langer gjin pasjinten mear te fergassen, waard it gebou yn de simmer fan 1942 yn de âlde steat werombrocht. Alle oantinkens oan de misdieden waarden safolle mooglik ferwidere. De kelder waard dêrnei net mear brûkt en sadwaande bleau in grut part fan de eutanasy-ynrjochting itselde en ienfâldich te rekonstruëarjen.

Begraafplak Hadamar

Oan it ein fan de earste faze fan de saneamde folwoeksenen-eutanasy wiene mear as 70.000 pasjinten troch gas fermoarde. Dat betsjutte dat it totale tal pasjinten yn psychiatryske kliniken mei 25% ôfnommen. It doel wie om nochris 60% fan de bêden yn de psychiatry frij te meitsjen foar slachtoffers fan de bommenkriich en ferwûne soldaten.

Yn de twadde faze waard net allinne moarde yn in beheind tal ynstellings, mar yn in folle grutter tal oer it hiele Ryk. Yn stee fan fergassing besochten de nazy's no de pasjinten te fermoardzjen troch úthongering of in oerdosis oan medikaasje, lykas luminal, veronal, of ynjeksjes fan morfine-scopolamine of it tatsjinjen fan lucht. Under ferantwurdlikens fan Adolf Wahlmann en Alfons Klein gyng it moardzjen yn Hadamar ek gewoan troch. Wylst yn de earste faze de arts de pasjinten troch it iepenjen fan de gaskraan fermoarde, waarden yn de twadde faze njonken de arts ek de susters en ferplegers ynset om de pasjinten te fermoardzjen. It totale tal slachtoffers fan beide fazen stiet yn Hadamar op teminsten 14.494 minsken.

Yn dy twadde faze waarden nije slachtoffers tafoege, dêrûnder ek healjoadske bern. Offisjeel wiene dy saneamde Mischlinge offisjeel troch de Neurenbergske rassenwetten tsjin deportaasje en moard beskerme. Fan de yn totaal 39 healjoadske bern waarden der yn Hadamar 34 fermoarde, wylst 5 fan dy bern nei swiere juridyske druk út de ynstelling helle wurde koene. Fanôf july 1944 waarden ek oan tuberkuloaze lijende twangarbeiders út it easten mei gifynjeksjes fermoarde. De 274 manlju, 173 froulju en 21 bern dy't jonger dan 15 wiene, hiene benammen in Russyske of Poalske nasjonaliteit. Oare slachtoffers wiene minsken dy't troch de bombardeminten fan 'e wiis rekken en soldaten mei psychyske problematyk.

Ferpleechster Irmgard Huber wurdt op 4 maaie 1945 troch de Amerikanen ûnderfrege

It Hadamar Proses waard it earste grutte proses tsjin de wreedheden fan de nazy's yn de Amerikaanske besettingssône yn Dútslân en duorre fan 9 oant 15 oktober 1945. De Amerikanen wiene wisberet de dieders te ferfolgjen, mar hiene al gaueftich yn de rekken dat it ynternasjonaal rjocht op dat stuit noch net taret wie om de misdieden fan Dútske dieders tsjin harren eigen befolking mei súskses te ferfolgjen. It Amerikaanske militêre tribunaal wie lykwols wol by machte om sân meiwurkers fan it sintrum te ferfolgjen fanwegen harren oandiel oan de misdieden foar de 476 Poalske en Russyske twangarbeiders oer, boargers fan bûnsmaten fan de Feriene Steaten. [7]

Namme Berop Straf
Alfons Klein Direkteur Deastraf troch ophinging; útfierd op 14 maart 1946
Adolf Wahlmann Arts Libbenslang
Heinrich Ruoff Ferpleger Deastraf troch ophinging; útfierd op 14 maart 1946
Karl Willig Ferpleger Deastraf troch ophinging; útfierd op 14 maart 1946
Adolf Merkle Kantoarmeiwurker 35 jier finzenis
Irmgard Huber Ferpleechster 25 jier finzenis (frijlitten yn 1952)
Philipp Blum Kantoarmeiwurker 30 jier finzenis

Gedenkstätte Hadamar

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Plakette ta oantinken fan de slachtoffers yn it haadgebou

Yn 1953 waard ta oantinken fan de slachtoffers in reliëf yn it doedestiidske haadgebou (hûs nûmer 5) oanbrocht. Op it begraafplak, dêr't in soad slachtoffers yn massagrêven binne begroeven, waard yn 1964 in momumint ûntbleate mei de tekst Mensch, achte den Menschen.

Tsjintwurdich betinkt de Gedenkstätte Hadamar de slachtoffers fan it eutanasyprogramma. It sintrum ynformearret oer wat bart is en tematisearret ek aktuele fraachstikken. It bestiet út in bliuwende útstalling en de noch autentike romtes ûnder it gebou mei de eardere gaskeamer, it krematoarium mei de ûne, de eardere garaazje dêr't de bussen oankamen mei de nije slachtoffers en it begraafplak.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tötungsanstalt Hadamar

  1. Verlegt nach Hadamar, die Geschichte einer NS-Euthanasie-Anstalt,side 37; ISBN 3-89203-011-1
  2. Verlegt nach Hadamar, die Geschichte einer NS-Euthanasie-Anstalt; ISBN 3-89203-011-1
  3. Holocaust Education & Archive Research Team
  4. Verlegt nach Hadamar, die Geschichte einer NS-Euthanasie-Anstalt, side 89; ISBN 3-89203-011-1
  5. Verlegt nach Hadamar, die Geschichte einer NS-Euthanasie-Anstalt, ISBN 3-89203-011-1
  6. Bionity.com
  7. United States Holocaus Memorial Museum