Springe nei ynhâld

Esther Dijkstra

Ut Wikipedy

Esther Dijkstra; (Fryslân, 25 maaie 1993) is in Frysk presintatrise en ûndernimster. Se wennet yn Warkum.

Nei har middelbere skoalle, folge se oplieding Kommunikaasje oan ‘e Hanze Hogeschool. Noch jong wie se frijwillich presintatrise foar de Fryske online telefyzjestjoerder Froeks.TV.

Esther Dijkstra reizge foar har wurk as presentatrise en redaktrise troch hiel Nederlân. Nei alve jier woe hja wer werom nei Fryslân.

Dijkstra is ek in fanatyk kiter, mei graach dûnsje en sjonge en hat modellewurk dien. Sûnt maart 2022 hat se in eigen bedriuw neamd ‘E-Voices’. Mei har bedriuw wurket sy gear mei bedriuwen lykas Talpa, RTL en NOS.

Doe’t Esther santjin jier wie, waard fêststeld dat se skolioaze hie. De skolioaze wie op dat stuit al sa slim wurden dat operearje de iennichste oplossing wie. Foar har earste operaasje moast sy ôfskie nimme fan har freonen en famylje, foar it gefal dat der wat misgean soe. De operaasje slagge en nei fiif dagen yn it sikehûs mocht sy wer nei hûs ta. Esther hold lykwols rêchklachten. Yn it sikehûs kamen se der efter dat se in ynfeksje mei de 'sikehûsbaktearje' Staphylococcus aureus hie. Esther moast in twadde en tredde kear operearre wurde om de ynfeksje út ‘e rêch te spielen. Sy skriuwt oer har ferhaal yn it boek fan Deborah Herder neamd ‘Achter mijn rug’. Yn dat boek fertelle ferskate famkes oer harren ûnderfining mei in operaasje oan skolioaze.

Esther Dijkstra hat in relaasje mei Marc Pesman.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: