Springe nei ynhâld

Esonstêd

Ut Wikipedy

Esonstêd soe in grutte hannelsstêd west hawwe, mei it kastiel Camminghaburch. Dy soe neffens de ferhalen op in hichte yn de Lauwerssee lein hawwe en ferdwûn wêze by it ûntstean fan de see nei de stoarmfloed fan 1230. Bûten Andreas Cornelius syn Chronicke en waarachtige beschrijvinghe van Vrieslant komt Esonstêd net ien kear yn in oare iere boarne foar. Yn de 20e iuw is dêrom twifel kaam oan it bestean fan Esonstêd.

De archeolooch Asien Bohmers, fan it Biologysk-Archeologysk Ynstitút yn Grins, hat yn 1951 ûndersyk dien yn de âlde mûning fan it Dokkumer Grutdjip. Hy fûn yn it Waad spoaren fan bewenning oer in lingte fan in kilometer. Neffens dat ûndersyk moat it dêr bewenne west hawwe fan de 6e oant de 10e iuw. Oare ûndersikers hâlde it de spoaren dy't er fûn hat oerbleaun binne fan sâltwinputten (sjoch moernearring). De spoaren binne net dúdlik genôch om dêrmei kieze te kinnen foar de iene of de oare teory.

Wiebe Jannes Formsma riddenearre dat Esonstêd hielendal net bestien hat, mar optocht is troch 16e-iuwske Fryske skiedskriuwers.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Formsma, W.J. (1955-56), "Ezonstad?", De Warf, I. 34