Erwin Zwart

Ut Wikipedy

Erwin Zwart (It Hearrenfean, 6 novimber 1990) is in Frysk kuorballer dy spilet foar LDODK út De Gordyk. Hy hat jierren yn it Nederlânske kuorbalteam spile, mar is sûnt septimber 2019 ynternasjonal ôf. Zwart is mei dy ploech trije kear Europeesk kampioen en twa kear wrâldkampioen wurden.

Mei LDODK spilet hy in de Korfbal League. Yn it seizoen 2016/2017 en 2018/2019 spile de feriening de fjildfinale. Mar tsjin respektyflik Blauw-Wit út Amsterdam en Dos'46 út Nijeveen waard ferlern.

Syn broer André Zwart spilet ek by de ploech út De Gordyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: