Ernst Lossa
Ernst Lossa (Augsburg, 1 novimber 1929 – Irsee (Dútslân), 9 augustus 1944) wie ien fan de tûzenen slachtoffers fan it programma fan de nazys yn it Tredde Ryk om minsken mei in erflike of psychyske sykte twongen te eutanasearjen.
Ernst Lossa wie de soan fan Christian en Anna Lossa út Augsburg. Syn heit kaam oan de kost mei it ferkeapjen fan guod by de doarren lâns en de famylje hearde by de semy-nomadyske minderheid fan de Jeenjers. Syn mem stoar al yn 1933, doe't Ernst noch mar fjouwer jier wie. De Jeenjers wiene yn it Tredde Ryk in as sigeuners en sutelders ferfolge minderheid.
Yn 1939 waarden syn heit, twa bruorren fan syn heit en oare famyljeleden troch de nasjonaal-sosjalisten nei it konsintraasjekamp Dachau deportearre. De heit fan Ernst stoar neffens ferskillende berjochten yn it kamp Mauthausen of yn Flossenbürg. De bern, Ernst en syn twa suskes Anna en Amalie, waarden troch de nasjonaal-sosjalisten yn in bernehús yn Augsburg-Hochzoll ûnderbrocht. Anna en Amalie oerlibben de Twadde Wrâldkriich.
Augsburg-Hochzoll
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om't hja yn Augsburg-Hochzoll neat mei de jonge wurde koene, waard Ernst op 15 febrewaris 1940 nei it jongereinsintrum Indersdorf by Dachau stjoerd. Dêr waard in rapport opsteld troch Katharina Hell fan it Dútske Undersykynstitút foar Psychiatry yn München. Koartsein waard de jonge omskreaun as goedmoedich, folslein willeas, domdryst en in twangmatige psychopaat. Op it ympulsive gedrach fan Ernst waard gjin takomstige ferbettering mooglik achte. Yn it rapport waard de likense lingte fan de ring- en wiisfinger fan Ernst as in bewiis fan degeneraasje tafoege.
Kaufbeuren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêrnei waard Ernst yn april 1942 twongen opnommen yn in berneôfdieling fan in ynrjochting yn Kaufbeuren. Yntusken wie it eutanasy- en sterilisaasjeprogramma Aktion T4 troch protesten fan de tsjerke offisjeel beëinige. De namme Aktion T4 ferwiisde nei Tiergarten 4, it sintrale adres yn Berlyn fan it eutanasyprogramma. It moardzjen hold lykwols net, mar ynstee fan fergassing fermoarden de nazy's no de pasjinten mei ynjeksjes mei in oerdoasis oan medikaasje of ferhongering en ûnderfieding. It gedrach fan Ernst ferbettere yn Kaufbeuren net, mar hy waard neffens lettere útspraken fan eardere meiwurkers fanwegen syn helpfeardigens en oandwaanlikens dochs wol wurdearre. Hy besocht faak hongerige siken iten te jaan, dat hy krekt efkes earder stellen hie. Om't Ernst foar oare bern op de ôfdieling oer in bedriging foarme, kaam hy op de ôfdieling foar manlju telâne. Tsjûgen ferklearren letter dat Ernst de hiele ynstelling yn Kaufbeuren trochrûn hie en dat hy fan it moardzjen yn de ynstelling ôfwitten hat en dat dit letter ek meiweage om Ernst te deadzjen.
Irsee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 5 maaie 1943 waard Ernst oerbrocht nei Irsee, dêr't de ynstelling in dependânse hie. Ernst hie it yn Kaufbeuren fanwegen syn gedrach ferbruid en waard foar straf oerbrocht nei dy dependânse, dy't foar minsken mei in mearfâldige beheining ornearre wie. Dêr waard Ernst op 9 augustus 1944 mei in gifynjeksje fermoarde. Yn it ôfskrift foar de lykskôging stie Ernst klassifisearre as "Asosjaal psychopaat", as deadsoarsaak "Brochopneumony" en as plak fan ferstjerren "Anstalt Irsee" (ynrjochting Irsee).
In tsjûge ferklearre letter dat er wegere hie Ernst mei it barbituraat Luminal te ynjektearjen. Dêrnei hied er sjoen hoe't de ferpleegster Pauline Kneissler Ernst yn oanwêzigens fan dokter Valentin Faltlhauser en de direkteur Josef Frick de ynjeksje joech, wêrby't Ernst wiismakke waard dat it wie om him tsjin tyfus yn te intsjen.
It dossier fan Ernst tsjinne letter in rol by de strafprosessen nei de oarloch tsjin it persoaniel fan de ynrjochting. Ernst leit noch altiten begroeven op it hôf by de ynrjochting Irsee.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Michael von Cranach, Die Psychiatrie in der Zeit des Nationalsozialismus, Schwabenakademie, Irsee 1990
- (dú) Robert Domes, Nebel im August: Die Lebensgeschichte des Ernst Lossa, 2008 (ISBN 978-3-5703-0475-4)
Boek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Nederlânsktalige útjefte fan de roman oer Ernst Lossa fan de Dútske skriuwer Robert Domes kaam yn 2017 ûnder de titel "Mist in Augustus" út.[1]
Film
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De dokumintêre Zum Andenken: Vom Leben und Sterben des Ernst Lossa fan de doedestiidsk 16-jierrige Sina Moslehi (Dútslân, 2011, tillefyzjepremjêre) waard yn 2012 mei de Bertini-priis ûnderskieden.
- De film Nebel im August is in ferfilming fan it boek Nebel im August: Die Lebensgeschichte des Ernst Lossa fan de skriuwer Robert Domes en gyng op 29 septimber 2016 yn de Dútske bioskopen yn premjêre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1] |