Springe nei ynhâld

Episkopeio

Ut Wikipedy
Episcopio
Επισκοπειό
Biskoplik Paleis
Biskoplik Paleis
Bestjoer
Lân Syprus
Distrikt Nikosia
Sifers
Ynwennertal 524 (2011)
Oerflak 4,29281 km²
Hichte 335 m
Oar
Tiidsône UTC +2
Simmertiid UTC +3
Koördinaten 35° 2' N 33° 14' E
Lokaasje (grien) Episkopeio yn it distrikt Nikosia.
Lokaasje (grien) Episkopeio yn it distrikt Nikosia.
Kaart
Episkopeio (Syprus)
Episkopeio

Episcopio (Gryksk: Επισκοπειό)is doarp yn it Syprioatyske distrikt Nikosia. It doarp leit op in hichte fan 335 m en is ien fan 'e doarpen fan 'e antike stêd Tamassos. De namme fan it doarp referearret oan it bisdom Tamassos, dat stifte waard nei't de apostels Paulus en Barnabas om 45 hinne it kristendom nei de stêd brochten. It doarp leit op in flakte en oanbuorjende plakken binne Politiko, Pera Orinis, Ergates, Psimolofou en Arediou. Troch it doarp streamt de 100 km lange Pedieos.

In opfallend bouwurk yn it doarp is it grutte biskoplike paleis, dêr't ek it Byzantynsk Museum yn is ûnderbrocht. Fierder binne der fiif otterdokse tsjerken. Twa binne wijd oan Nikolaas fan Myra (de âlde en de nije Agios Nikolaos). De nije Agios Nikolaos is sûnt 2007 de katedraal fan it bisdom Tamasos en Orini. De tredde otterdokse tsjerke is wijd oan Mamas fan Cesaréa (de Agios Mama). Fierder is der foar de Russyske mienskip op Syprus in Russysk-otterdokse tsjerke, dy't wijd is oan Sint-Andréas en alle Hilligen fan 'e Russyske Lannen en fuort dêrby stiet de oan Sinte-Kyriaki fan Nikomeedje en Sint-Jehannes wijde Roemeenske tsjerke.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Episkopeio (Syprus) fan Wikimedia Commons.